XIIe Paralympyske Winterspullen | ||||
holden yn | Pyeongchang (Súd-Koreä) | |||
jier | 2018 | |||
data | 9-18 maart | |||
organisator | IPC | |||
dielnimmende lannen | 49 | |||
dielnimmende atleten | >570 | |||
eveneminten | 80 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 9 maart | |||
slutingsseremoanje | 18 maart | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | Sotsji 2014 | |||
folgjende edysje | Peking 2022 | |||
|
De Paralympyske Winterspullen 2018 (Koreaansk: 평창 동계 패럴림픽; transliteraasje: Pyeongchang Donggye Paereollimpik) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining, yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat begjin 2018 holden waard yn it Súdkoreaanske Pyeongchang. Hjiroan namen 49 lannen en mear as 570 sporters diel. It wie de tolfde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 9 maart en de ôfslutingsseremoanje op 18 maart. It sportbarren omfieme 80 ûnderdielen yn 6 ûnderskate sporten. It snowboarden, dat op 'e foarrige edysje fan 'e Paralympyske Winterspullen, yn 2014 yn Sotsji, noch út twa ûnderdielen bestie en ûnderbrocht wie by it alpineskyen, waard yn Pyeongchang foar it earst yn tsien ferskillende ûnderdielen en as in selsstannige sport beoefene. Foar de Paralympyske Winterspullen fan Pyeongchang waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn febrewaris, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Winterspullen.
Organisaasje
As ûnderdiel fan 'e offisjele oerienkomst tusken it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) en it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) dy't sletten waard yn 2001, organisearret it gastlân fan 'e Olympyske Winterspullen ek de Paralympyske Winterspullen. Sadwaande waard dit sportevenemint yn maart 2018 holden yn Pyeongchang, yn Súd-Koreä, dêr't gebrûk makke wurde koe fan 'e fasiliteiten en akkomodaasjes fan 'e Olympyske Winterspullen dy't in moanne earder, yn febrewaris 2018, ek yn Pyeongchang holden wiene.
Yn 'e oanrin ta de Paralympyske Winterspullen fan 2018 spilen de organisaasje guon fan deselde problemen parten dêr't ek de Olympyske Winterspullen mei te krijen hân hiene. Dêrby gie it û.m. om 'e politike ynstabiliteit op it Koreaanske Skiereilân troch de spannings tusken Noard- en Súd-Koreä. Dy swierrichheden waarden glêdstrutsen doe't de beide lannen yn jannewaris, in pear wiken foar it begjin fan 'e Olympyske Spullen, ta oerienstimming kamen om alteast foar de perioade fan 'e beide sporteveneminten de striidbile te begraven. Fierders spile op 'e nij de neisleep fan it Russysk dopingskandaal fan 'e spullen yn Sotsji, krekt sa't dat ek in probleem west hie foarôfgeande oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, yn Rio de Janeiro. Doe wie it lidmaatskip fan Ruslân troch it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee opskoarre, en foar de spullen yn Pyeongchang kaam dêr gjin feroaring yn. Wol waard guon Russyske sporters tastien en doch mei as 'neutrale' atleten.
Sporten
Op 'e Paralympyske Winterspullen fan 2018 waard troch de atleten dielnommen oan yn totaal 80 ûnderdielen dêr't medaljes foar útrikt waarden, ferdield oer 6 offisjele sporten. It snowboarden, dat op 'e Paralympyske Winterspullen fan 2014, yn Sotsji, noch by it alpineskyen ûnderbrocht wie, waard no foar it earst erkend as selsstannige sport. Boppedat waard it tal ûnderdielen fan it snowboarden útwreide fan 2 nei 10.
- alpineskyen
- biatlon
- rolstoelcurling
- skyrinnen
- slidehockey
- snowboarden
Kalinder
IS | iepeningsseremoanje | ● | groeps- en kwalifikaasjewedstriden | 1 | finales (mei oantal op dy dei) | OS | ôfslutingsseremoanje |
maart | freed 9 | sneon 10 | snein 11 | moan 12 | tiis 13 | woa 14 | tong 15 | freed 16 | sneon 17 | snein 18 | finales |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
seremoanjes | IS | OS | |||||||||
alpineskyen | 6 | 6 | 6 | 3 | 3 | 3 | 3 | 30 | |||
biatlon | 6 | 6 | 6 | 18 | |||||||
rolstoelcurling | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | ||
skyrinnen | 2 | 4 | 6 | 6 | 2 | 20 | |||||
slidehockey | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | |
snowboarden | 5 | 5 | 10 | ||||||||
totaal tal finales | 0 | 12 | 8 | 9 | 12 | 9 | 3 | 11 | 10 | 6 | 80 |
finales dien | 0 | 12 | 20 | 29 | 41 | 50 | 53 | 64 | 74 | 80 | 80 |
Dielnimmende lannen
Hjirûnder de dielnimmende lannen oan 'e Paralympyske Winterspullen fan 2018, mei it tal yndividuële sporters werjûn. Ruslân wie as lân útsletten fan dielname fanwegen it dopingskandaal op de Olympyske Winterspullen 2014. Wol diene der 29 yndividuële Russyske sporters mei as 'neutrale' atleten ûnder de Paralympyske flagge. Trije lannen (Georgje, Noard-Koreä en Tadzjikistan) namen yn Pyeongchang foar it earst diel oan 'e Paralympyske Winterspullen.
Medaljespegel
rang | lân | goud | sulver | brûns | totaal |
---|---|---|---|---|---|
1 | Feriene Steaten | 13 | 15 | 8 | 36 |
2 | neutrale atleten (Ruslân) | 8 | 10 | 6 | 24 |
3 | Kanada | 8 | 4 | 16 | 28 |
4 | Frankryk | 7 | 8 | 5 | 20 |
5 | Dútslân | 7 | 8 | 4 | 19 |
6 | Oekraïne | 7 | 7 | 8 | 22 |
7 | Slowakije | 6 | 4 | 1 | 11 |
8 | Wyt-Ruslân | 4 | 4 | 4 | 12 |
9 | Japan | 3 | 4 | 3 | 10 |
10 | Nederlân | 3 | 3 | 1 | 7 |
11 | Switserlân | 3 | 0 | 0 | 3 |
12 | Itaalje | 2 | 2 | 1 | 5 |
13 | Grut-Brittanje | 1 | 4 | 2 | 7 |
14 | Noarwegen | 1 | 3 | 4 | 8 |
15 | Austraalje | 1 | 0 | 3 | 4 |
16 | Finlân | 1 | 0 | 2 | 3 |
Nij-Seelân | 1 | 0 | 2 | 3 | |
Súd-Koreä (gastlân) | 1 | 0 | 2 | 3 | |
19 | Kroaasje | 1 | 0 | 1 | 2 |
20 | Kazachstan | 1 | 0 | 0 | 1 |
Sina | 1 | 0 | 0 | 1 | |
22 | Eastenryk | 0 | 2 | 5 | 7 |
23 | Spanje | 0 | 1 | 1 | 2 |
24 | Sweden | 0 | 1 | 0 | 1 |
25 | Belgje | 0 | 0 | 1 | 1 |
Poalen | 0 | 0 | 1 | 1 |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Paralympyske Spullen | |
---|---|
Simmerspullen: Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 |Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032 | |
Winterspullen: Örnsköldsvik 1976 | Geilo 1980 | Innsbruck 1984 | Innsbruck 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026 | |
wizigje |