Pam Grier
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammePamela Suzette Grier
nasjonaliteit Amerikaansk
berne26 maaie 1949
berteplakWinston-Salem (Noard-Karolina)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Filipynsk
Latino
Sineesk
Sjajinsk
jierren aktyf1970 – no
offisjele webside
Pam Grier op Twitter

Pam Grier (folút: Pamela Suzette Grier; Winston-Salem (Noard-Karolina), 26 maaie 1949) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en toanielaktrise fan mingd etnysk komôf. Hja briek yn 'e iere 1970-er jierren troch mei blaxploitationfilms as Coffy, Foxy Brown en Black Mama, White Mama. Ein jierren santich rekke se yn it ferjit, mar yn 'e 1980-er jierren makke se in comeback, en yn 1997 krige har karriêre in nije ympuls doe't se de titelrol spile yn 'e misdiefilm Jackie Brown fan regisseur Quentin Tarantino.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Pam Grier waard yn 1949 berne yn Winston-Salem, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Noard-Karolina, as de dochter fan Clarence Ransom Grier jr., in sersjant en technikus by de Amerikaanske Loftmacht, en dy syn frou Gwendolyn Sylvia Samuels, in ferpleechster. Hja hat ien suster en ien broer. Oer har etnyske eftergrûn hat Grier yn in fraachpetear sein: "Ik bin in ferminging fan ferskate rassen: Latino, Sineesk, Filipynsk. Us heit wie swart en ús mem wie in Sjajinne."

Doe't se seis jier wie, waard Grier troch twa jonges ferkrêfte doe't se ris allinnich thús wie yn it hûs fan har muoike. Yn in fraachpetear fertelde se yn 2010 hoelang't it har koste hie om dat trauma te boppe te kommen. Ek har famylje hie neitiid te krijen mei in protte lulkens en skuldgefoelens om't der net goed op har past wie. Fanwegen har heite wurkpaad by de loftmacht ferhuze it gesin gauris, mar úteinlik setten se harren nei wenjen yn Denver, yn 'e steat Colorado, dêr't Grier de middelbere skoalle trochrûn en dielnaam om skientmewedstriden om mei it prizejild har stúdzje oan it Metropolitan State College te bekostjen.

Pam Grier yn 1976.

Aktearkarriêre

Mei achttjin jier ferfear Grier yn 1967 nei Los Angeles, yn Kalifornje, dêr't se earst wurk fûn as resepsjoniste by de filmstudio American International Pictures (AIP). Nei't it skynt waard hja dêr 'ûntdutsen' troch regisseur Jack Hill, dy't har caste yn syn films The Big Doll House (1971), The Big Bird Cage (1972), allebeide oer froulju yn it tichthûs. Yn 1973 spile se foar regisseur Eddie Romero yn in soartgelikense film, Black Mama, White Mama.

Yn 'e tiid dat se by AIP ûnder kontrakt stie, briek Grier troch yn 'e saneamde blaxploitationfilms, wêryn't se assertive froulju spile fan in soarte dat foartiid mar komselden yn Amerikaanske films te sjen west hie. Dat begûn yn 1973, mei Coffy, op 'e nij regissearre troch Jack Hill. Dy film siet grôtfol mei seksuele en gewelddiedige eleminten dy't karakteristyk binne foar it blaxploitationsjenre en waard in grut súkses yn 'e Amerikaanske bioskopen. Grier wie de earste frou dy't yn sa'n film de haadrol spile, en regisseur Quentin Tarantino soe har letter oantsjutte as de earste froulike aksjeheld út 'e filmskiednis (hoewol't guon oaren folhâlde dat dy ear oan Cheng Pei-pei takomt). Neitiid hie Grier soartgelikense haadrollen yn 'e AIP-films Foxy Brown (1974), Sheba, Baby (1975) en Friday Foster (1975).

Doe't it blaxploitationsjenre yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren stadichoan weiwaard, spile Grier ferskate jierren lytsere rollen, mar geandewei de 1980-er jierren wist se almar gruttere karakterrollen te bemachtigjen. Sa spile se in drugsferslaafde prostituee yn Fort Apache, The Bronx (1981), in hekse yn Something Wicked this Way Comes (1983) en de partner-resjersjeur fan Steven Seagal yn Above the Law (1988). Op 'e tillefyzje hie Grier yn dyselde snuorje tusken 1985 en 1989 in weromkearende gastrol yn 'e ferneamde plysjesearje Miami Vice, en teffens wie se as gastakteur te sjen yn populêre komeedzjesearjes as The Cosby Show, Night Court en The Fresh Prince of Bel Air. Har rol yn 'e film Rocket Gibraltar (1988) waard der by de montaazje lykwols út snien troch regisseur Daniel Petrie, dy't bang wie foar "reperkusjes fan ynterrasiale frijsênes".

Yn 'e 1990-er jierren hie Grier rollen yn films lykas de a-typyske western Posse (1993), de science fiction-komeedzje Mars Attacks! (1996) en de post-apokalyptyske aksjefilm Escape from L.A. (1996). Ek wurke se yn 1994 mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Doggy Dogg World, fan rapper Snoop Dogg. Doe't regisseur Quentin Tarantino oan Grier yn 1997 de titelrol taparte yn syn film Jackie Brown, brocht er dêrmei in oade oan har blaxploitation-ferline. Foar har karriêre betsjutte dy rol in sterke nije ympuls, en se waard dermei nominearre foar ferskate prizen, wêrûnder in Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise.

Yn 2000 waard Grier nominearre foar in Emmy Award foar har wurk as stimaktrise foar de tekenfilm Happily Ever After: Fairytales for Every Child. Fan 2004 oant 2009 hie Grier in fêste rol as Kate 'Kit' Porter yn 'e tillefyzjesearje The L Word. Ek hie se gastrollen yn oare searjes, wêrûnder in weromkearende rol yn 'e plysjesearje Law & Order: Special Victims Unit. Yn 2010 fertolke se yn trije ôfleverings fan 'e superheldesearje Smallville de rol fan 'e smjunt Amanda Waller. Yn 2010 ferskynde Grier har autobiografy Foxy: My Life in Three Acts, dat se skreaun hie mei help fan ghostwriter Andrea Cagan.

Pam Grier yn 2013 mei presintator Jarrett Crippen op 'e Wizard World New York Experience.

Priveelibben

Relaasjes

Yn 'e iere 1970-er jierren hie Grier in relaasje mei basketballer Kareem Abdul-Jabbar, mar dat rûn op 'e non om't hy woe dat sy har, lykas him, ta de islaam bekeare soe. Yn 1976/1977 gie se oardel jier lang om mei komyk Richard Pryor. Se holp Pryor, dy't analfabeet wie, om lêzen te learen en besocht him fan 'e drugs ôf te krijen. Nei in healjier clean west te hawwe, krige er lykwols in weromfal. Yn dyselde tiid troude er mei aktrise Deborah McGuire.

Ek mei akteur en komyk Fredde Prinze soe Grier yn 'e jierren santich in ferhâlding hân hawwe. Letter hie se relaasjes mei bokspromoater Jimmie "Big Wheel" Wheeler, Soul Train-presintator Don Cornelius en basketballer Wilt Chamberlain. Yn 1998 ferloofde Grier har mei muzykprodusint Kevin Evans, mar dy relaasje rekke yn 1999 út. Fan 2000 oant 2008 gie se om mei sakeman Peter Hempel.

Oare saken

Yn 1988 waard by Grier limoerhalskanker fêststeld. Der waard har ferteld dat se noch heechút oardel jier te libjen hie, mar troch in yngeande behanneling rekke se kankerfrij, wat se sûnt altyd bleaun is.

Yn 2011 ûntfong se in earedoktoraat yn 'e letteren fan 'e Universiteit fan 'e Marylânske Eastkust en dêropta in earedoktoraat yn 'e wittenskippen fan 'e Universiteit fan Langston, yn Langston (Oklahoma).

Grier is in fûleindich beoefenster fan ferskate Easterske fjochtsporten, wêrûnder karate, jiu jitsu en aikido.

Bibliografy

  • 2010 – Foxy: My Life in Three Acts

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1970Beyond the Valley of the Dollsfeestgongster
1971The Big Doll HouseGrear
1971Women in CagesAlabama
1972The Twilight PeopleAyesa
1972Cool BreezeMona
1972The Big Bird CageBlossom
1972Hit ManGozelda
1973Black Mama White MamaLee Daniels
1973CoffyFlower Child 'Coffy' Coffin
1973Scream Blacula ScreamLisa Fortier
1974The ArenaMamawi
1974Foxy BrownFoxy Brown
1975Sheba, BabySheba Shayne
1975BucktownAretha
1975Friday FosterFriday Foster
1976DrumRegine
1977Twilight of LoveSandra
1977Greased LightningMary Jones
1981Fort Apache, The BronxCharlotte
1983Tough EnoughMyra
1983Something Wicked This Way Comesstofheks
1985Stand AloneCathryn Bolan
1986The VindicatorHunter
1986On the EdgeCora
1987The Allnighterbrigadier McLeesh
1988Above the Lawresjersjeur Delores 'Jacks' Jackson
1989The PackageRuth Butler
1990Class of 1999frou Connors
1991Bill & Ted's Bogus Journeyfrou Wardroe
1993PossePhoebe
1996Original GangstasLaurie Thompson
1996Escape from L.A.Jack 'Carjack' Malone / Hershe Las Palmas
1996Mars Attacks!Louise Williams
1997Strip Search Janette
1997Fakin' da FunkAnnabelle Lee
1997Jackie BrownJackie Brownnom. Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise
nom. Satellite Award foar bêste aktrise
nom. Saturn Award foar bêste aktrise
nom. Empire Award foar bêste aktrise
1999Jawbreakerresjersjeur Vera Cruz
1999No Tomorrow Diane
1999In Too Deepresjersjeur Angela Wilson
1999Holy Smoke!Carol
2000Snow DayTina
2000Fortress 2: Re-EntrySusan Mendenhall
2000Wilderresjersjeur Della Wilder
20013 A.M.George
2001Love the Hard WayLinda
2001Ghosts of Marsluitenant-kolonel Helena Braddock
2001BonesPearl
2002The Adventures of Pluto NashFlura Nash
2002Baby of the Familyfrou Williams
2005Back in the Dayfrou Cooper
2010Just WrightJanice Wright
2010The InvitedZelda
2010Machete Maidens Unleashed!n.f.t.dokumintêre
2011Larry CrowneFrances
2011Corman's World: Exploits of a Hollywood Rebel  n.f.t.dokumintêre
2012Woman Thou Art Loosed: On the 7th Dayresjersjeur Barrick
2012The Man with the Iron FistsJane
2012MafiaJames Womack
2017Bad GrandmasCoralee
2017Being RoseLily
2019PomsOlive
tillefyzje
1979Roots: The Next GenerationsFranceygastrol; ôfl. Part IV (1917–1921)
1980The Love BoatCynthia Wilburweromkearende rol, 6 ôfl.
1985Badge of the AssassinAlexandra Horntillefyzjefilm
1985–1990Miami ViceValerie Gordonweromkearende rol yn seizoen 1–2, 5
1986Night CourtBenet Collinsgastrol; ôfl. Hurricane: Part 1 & 2
1986–1988Crime StorySuzanne Terryweromkearende rol
1987The Cosby ShowSamanthagastrol; ôfl. Planning Parenthood
1988Frank's PlaceNeema Sharonegastrol; ôfl. Frank's Place – The Movie
1989Midnight CallerSusan Provincegastrol; ôfl. Blood Red
1990Knots Landingynspekteur Guthrieweromkearende rol yn seizoen 12
1991MonstersMatildegastrol; ôfl. Hostile Takeover
1992Pacific StationGrace Ballardgastrol; ôfl. My Favorite Dad
1992A Mother's Right: The Elizabeth Morgan StoryLinda Holmantillefyzjefilm
1994In Living Colorharselsgastrol; ôfl. Mrs. Ikefire
1994The Sinbad ShowLynn Montgomerygastrol; ôfl. The Telethon
1994The Fresh Prince of Bel-AirJanice Robertsongastrol; ôfl. M is for the Many Things She Gave Me
1995The Marshalmarshal Vanetta Browngastrol; ôfl. Rainbow Comix
1995Martinharselsgastrol; ôfl. All the Players Came
1996Sparksfrou Graysongastrol; ôfl. Pillow Talk
1996The Wayans Bros.Ericagastrol; ôfl. Goin' to the Net
1998Mad TVn.f.t.as presintatrise, ôfl. 3.25
1998Pinky and the BrainJulie Auburnas stimaktrise; gastrol; ôfl. Inherit the Wheeze
1998Family Blessingsfrou Quincytillefyzjefilm
1998–2000Linc'sEleanor Winthropfêste rol
1999The Wild ThornberrysMem Springbokas stimaktrise; gastrol; ôfl. Stick Your Neck Out
1999Happily Ever After: Fairy Tales for Every Childit gealtsje fan 'e keizerinneas stimaktrise; gastrol; ôfl. The Empress' Nightingale
nom. Emmy Award foar bêste stimakteur yn in animearre tillefyzjeprogramma
1999Hayley Wagner, StarSamtillefyzjefilm
1999For Your LoveBrendagastrol; ôfl. The Sins of the Mother and... the Boyfriend
2001Strange Frequencyûnbekendgastrol; ôfl. Time Is on My Side
2001The Feast of All SaintsSuzzette Lermontanttillefyzjefilm
2002Night Visionsdokter Lewisgastrol; ôfl. Switch
2002Justice LeagueMy'ria'has stimaktrise; weromkearende rol yn seizoen 1
2002–2003Law & Order: Special Victims Unitofsier fan justysje Claudia Williamsweromkearende rol; 2 ôfl.
2003First to DieClaire Washburntillefyzjefilm
2004–2009The L WordKit Porterfêste rol; 70 ôfl.
2008Ladies of the HouseRoberta "Birdie" Marchandtillefyzjefilm
2010SmallvilleAmanda Wallerweromkearende rol yn seizoen 9
2015Cleveland Abductionferpleechster Carlatillefyzjefilm
2018–2019This Is Usbeppeweromkearende rol; 2 ôfl.
2019A Christmas WishMarytillefyzjefilm
2019–2020Bless This MessConstance Terryfêste rol; 26 ôfl.
2022The Great NorthNeckboneas stimaktrise; gastrol; ôfl. Slide & Wet-Judice Adventure
fideoclips
1994Doggy Dogg WorldFoxy Brownin nûmer fan Snoop Dogg
fideospultsjes
2013Grand Theft Auto Vharsels as radiopresintatrise
2017Call of Duty: Infinite Warfareharsels

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.