In Palliduvaanse.

Palliduvanen binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja hawwe in benei minsklik uterlik. De wichtichste ferskillen binne in kalkwite hûdskleur, in griene of reade eachkleur, in lang, meager lichemsstal en ekstreem lange, bonkige fingers mei klau-eftige neilen dy't as wapens brûkt wurde kinne. De eagen lizze djip yn it gesicht, en dêromhinne is de hûdskleur dûnkerder, útinoar rinnend fan ljochtgriis oant dûnkergriis.

De bekendste Palliduvaan yn it Star Wars-hielal, de froulike preemjejagerinne en hiermoardneresse Aurra Sing, hat fierders inkeld hier op 'e krún fan har holle, mar dat is mooglik in persoanlike kar.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.