Paladine Roye
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte nammePaladine H. Roye
nasjonaliteit Amerikaansk
berne8 desimber 1946
berteplakWhite Eagle (Oklahoma)
stoarn25 maaie 2001
stjerplakEnid (Oklahoma)
etnisiteit Ponka
wurkpaad
wurksum askeunstskilder
mediumakrylferve, wetterferve
jierren aktyf19792001
offisjele webside
n.f.t.

Paladine Roye (folút: Paladine H. Roye; White Eagle (Oklahoma), 8 desimber 1946 – Enid (Oklahoma), 25 maaie 2001) wie in Amerikaansk keunstskilder fan etnysk Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

Roye waard yn 1946 berne yn White Eagle, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma as de soan fan Thurston Page Roye en dy syn frou Doris. Hy wie in folbloed Ponka-Yndiaan en in lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma. Syn Yndiaanske namme wie Poⁿcící, dat safolle betsjutte soe as "ien om foar op te passen". Roye trochrûn 'e middelbere skoalle yn Ponca City, deunby syn berteplak, en tsjinne neitiid ûnder de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske Leger.

Yn 1979 lei Roye him foltiids ta op in karriêre as keunstskilder. Dêrby makke er benammen gebrûk fan akrylferve, wetterferve, gouache en prints. Hy wurke ek faak gear mei syn âldere broer, Burgess Roye. Roye syn wurk krige foar it earst yn 1982 bekendheid by in breder publyk doe't it Histoaryske Genoatskip fan Garfield County en it Museum fan de Sjeroky Stripe ûnder in 'Yndiaanske wike' yn it ramt 'e fiering dat Oklahoma 75 jier earder in Amerikaanske steat wurden wie, wurk fan sawol him, as syn broer Burgess en syn mem tentoanstelden.

Sûnt dy tiid is Roye syn wurk yn ferskate museä eksposearre, en teffens is it ôfprinte yn ferskillende publikaasjes, lykas Medina (1981), The Indian Trader (1982) en Southwest Art (1989). Teffens wie syn wurk te sjen yn 'e dokumintêre Native American Images, fan Carol Patton Cornsilk, út 1984. Yn 1988 wûn Roye de earste priis by de Yndiaanske keunstwedstryd op it Red Earth Festival yn Oklahoma City. Wurk fan sines makket diel út fan 'e fêste kolleksjes fan it Gilcrease Museum yn Tulsa; it Cherokee National Museum yn Tahlequah, en it Heard Museum yn Phoenix.

Yn 1996 makken Paladine en Burgess Roye grutte muorreskilderings op it gerjochtsgebou fan Garfield County as taakstraf dy't se oplein krigen hiene foar riden ûnder ynfloed. Paladine Roye kaam op 25 maaie 2001 yn Enid, yn Oklahoma, te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 54 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.