Mûne fan Peize

Paiser Meul

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Peize
adresMounepaad 1
bysûnderheden
type bouwurkNôtmûne
boujier1898
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32145 (mûne) [1]
offisjele webside
Side De Paiser Meul

De Paiser Meul ('Mûne fan Peize') is in nôtmûne yn it Drintske doarp Peize.

Skiednis

De mûne waard boud yn 1893 of 1898 [2] yn opdracht fan in pear bakkers en boeren yn Peize. De bou fûn plak mei ûnderdielen fan de oaljemûne út 1845 fan Hofman út Enumatil. Sûnt it begjin hie de Paiser Meul selsswichting.

Yn 1955 rekke de mûne bûten bedriuw en sette it ferfal yn. Yn 1967 kochte de doedestiidske gemeente Peize de mûne, dy't de mûne yn de jierren 1971-1972 restaurearje liet. By in restauraasje yn de jierren 1970 ferlear de mûne it typyske Grinslânske oansjen. De mûne krige in âld-hollânsk wjuksysteem en de mei latten betimmere achtkant waard reiddutsen. Nei de restauraasje mealle de mûne weet foar de oanbuorjende bakker.

By de restauraasje yn de jierren 1980 binne de seilroeden wer ferfongen troch selsswichting.

Beskriuwing

De mûne is in achtkante boppekruier mei stelling. De ûnderbou is fan bakstien, de boppebou fan hout en is útsein de kape, dy't mei daklear beklaaid is, reiddutsen. De roeden hawwe in flecht fan likernôch 21,2 meter. De mûne hat twa koppels mealstiennen en in kammenluiwurk.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molens uit Drenthe, útjouwerij Waanders-Zwolle, ISBN 9789070072537
  1. Ryksmonuminten
  2. De boarnen binne net ienriedich oer it boujier fan de Paiser Meul: neffens Molens in Drenthe wie it boujier 1893, de side fan de mûne skriuwt oer boujier 1898. Ek de side fan de Molendatabase neamt as jiertal 1898

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.