Page is in stêd yn Coconino County, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. It leit tichtby de Glen Canyondaam en it Powellmar. Yn 2010 wennen der 7.247 minsken yn de stêd.
Skiednis
Page waard 1957 stifte as wenplak foar arbeiders en harren famyljes tidens de oanlis fan de Glen Canyondaam yn de Koloradorivier. Nei't yn de sechstiger jierren de daam ôfmakke waard, groeide de stêd ta it hjoeddeiske ynwennertal fan goed 7.000. Fanwegen de nije ynfrastruktuer is Page no de wichtichste tagong ta it Powellmar en Glen Canyon National Recreation Area, dêr't alle jierren mear as trije miljoen besikers komme.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.