Paderborn | ||
Stedhûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 154.755 (2022) | |
Oerflak | 179,59 km² | |
Befolkingsticht. | 862 ynw./km² | |
Hichte | 110 m | |
Oar | ||
Postkoade | 33098-33106 | |
Tiidsône | CET(UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.paderborn.de | ||
Kaart | ||
Paderborn is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat 154.755 ynwenners (2022). Paderborn is sûnt it jier 1975 in Dútske Großstadt. De namme fan de stêd is ôflaat fan de rivier de Pader en 'born', in âld Dútsk wurd foar 'boarne' fan in rivier. De Pader ûnstiet út goed 200 boarnen.
Skiednis
Yn 772 begûn de Saksekriich (772–804), dêr't earder yn Worms ta besletten wie. Karel de Grutte foel it gebiet fan 'e Saksen út it suden wei oan en nei de ûnderwerping fan 'e Saksen liet er by de boarnen fan 'e Pader de Karelsboarch en nei de ferneatiging dêrfan in palts bouwe, om sa de Saksen te bekearen ta it Kristendom. Yn 777 fûn ûnder Karel de Grutte de earste Ryksdei en in missysynoade plak. Tagelyk wie dat ek de earste kear dat de plaknamme fan 'e delsetting oan 'e Paderboarnen (patris brunna) offisjeel brûkt waard. Mear gearkomsten fan 'e Ryksdei yn Paderborn folgen yn 'e jierren 780, 782, 783, 785 en 799.
Nei in lange striid en ferskillende Saksyske opstannen hearde de stêd sûnt 794 definityf by it Ryk fan 'e Franken. Yn it jier 799 moast paus Leo III út Rome flechtsje en socht doe help op 'e palts by Karel de Grutte yn Paderborn. Deselde paus kroande Karel de Grutte letter op 25 desimber 800 yn Rome ta keizer. Doe waard ek it bisdom Paderborn stifte, dat hjoed-de-dei in aartsbisdom is. Yn it jier 799 waard in begjin makke oan de bou fan 'e earste domtsjerke, dy't letter noch troch oare bouwurken ferfongen waard. De Saks Hathumar waard yn 806 de earste biskop fan it bisdom. Hy liet de domtsjerke fergrutsje en in muorre om 'e delsetting bouwe.
Yn it jier 1000 waard Paderborn troffen troch in slimme brân. By dy brân waarden ek de palts en de domtsjerke ferneatige. De weropbou fan 'e domtsjerke fûn ûnder de út Renkum ôfkomstige biskop Meinwerk plak. Ek stifte dy biskop it benediktynske Abdinghôfkleaster (1019), it kleaster Busdorf en dêrnjonken ek in biskoplik paleis en de Bartoloméuskapel. Boppedat liet er ek de muorren fan Hathumar's Karolingyske stêd renovearje. Oare grutte stedsbrannen fûnen yn 1058, 1133, 1289, 1340 en 1506 plak.
Paderborn waard yn 1254 lid fan it Rynlânske Stêdebûn. De earste fermelding fan in stedhûs wie yn 1279. Sûnt 1295 hearde Paderborn by it Hânzebûn. Biskop Bernhard V ferliende yn 1327 de stêd it rjocht om in eigen ried te kiezen. Under prinsbiskop Boudewyn fan Steinfurt hearske de pest en rûn it ynwennertal fan 'e stêd bot werom.
De reformaasje krige yn 1571 mar foar in lyts skoftke in foet oan 'e grûn, Paderborn soe nei 1585 definityf katolyk bliuwe. Yn it ramt fan 'e kontrareformaasje waard yn 1614 in jezuïtekolleezje stifte. Paderborn hie yn 'e Tritichjierrige Kriich (1618-1648) slim te lijen en waard sechtjin kear belegere.
Yn 1802 waard mei de ynfiering fan 'e sekularisaasje it prinsbisdom Paderborn opheft, yn 1806 folge troch de opheffing fan it heechstift Paderborn. Nei it Kongres fan Wenen waard Paderborn oan Prusen tawiisd. Sûnt 1850 waard it spoar ek by Paderborn oanlein en dêrnei fierder útwreide.
Weimarrepublyk
Paderborn wie yn 'e tiid fan 'e Weimarrepublyk in bolwurk fan 'e katolike Zentrumspartei, dy't tradisjoneel de stipe fan it grutste part fan 'e befolking hie. Yn 1929 skeat de NSDAP woartel yn Padersborn, dy't lykwols ynearsten neat foarstelde, mar al gau strjitfjochterijen mei de kommunisten útlokke. By de ferkiezings foar in nije Ryksdei op 5 maart 1933 krige de Zentrumspartei yn Paderborn noch jimmeroan 62,94% en de NSDAP mar 23,73%.
Yn 'e nacht fan 9 op 10 novimber 1938 baarnde ek de Paderborner synagoge út. Oarspronklik soe dy yn 'e nacht yn 'e brân stutsen wurde, mar dat wie te nuodlik foar it tichteby lizzende St. Vincenz-Krankenhaus, dat doe noch in fakwurkgebou wie. Om 't de brânwar wegere nachts mei te wurkjen, waard de brân pas de oare deis yn 'e rin fan 'e middei oanstutsen. Op likernôch 50 m west fan 'e lokaasje fan 'e synagoge stiet no in betinkingsmonumint. Mear as hûndert Paderborner joaden waarden fermoarde, guon koene op 'e tiid flechtsje nei it bûtenlân.
Twadde Wrâldkriich
Mei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich bleau it yn Paderborn ynearsten rêstich. In soad manlju waarden earst letter foar militêre tsjinst oproppen. In pear kear sloegen bommen yn by it ranzjeargebiet, by de kazernes en it loftfjild fan 'e Luftwaffe yn Paderborn-Mönkeloh, mar it tal slachtoffers en de skea bleau beheind. Mei't de Dútske loftôfwar stadichoan minder waard en de bombardeminten op 'e Dútske stêden tanamen, rekke ek Paderborn yn 'e gefaresône. Hieltiten faker behearske it loftalarm it libben fan 'e befolking en ek de produktiviteit fan 'e oarlochsyndustry krige der ûnder te lijen.
Op 17 jannewaris 1945 fleagen B-17-bommesmiters fan de Amerikaanske loftmacht rjochting Paderborn. 153 tastellen smieten 1.154 ton bommen op it spoar; 239 minsken kamen om. Tûzenen minsken flechten út Paderborn wei en op 22 maart folgen nije bombardeminten, wêrby't 41 minsken ferstoaren. Op 27 maart 1945 wie it wer raak: 266 Lancaster-bommesmiters fan de Royal Air Force levere it lêste en it grutste bombardemint op Paderborn. Der wennen net in soad minsken mear yn Paderborn, mar der kamen noch likegoed teminsten 344 minsken om. Oan it ein fan oarloch wie 85% fan 'e binnenstêd mei noch in soad houten fakwurkhuzen fan 'e kaart fage.
Op 1 april ferovere de 3e US-Pânserdivyzje nei wat striid Paderborn. Mei de oermastering fan de stêd en omkriten waard de Ruhrkessel sletten.
Stedsyndieling
De kearnstêd Paderborn is yn acht wiken ûnder te ferdielen:
- Binnenstêd / Mitte
- Barkhausen
- Fischteiche
- Lichtenfelde/Kaukenberg
- Mönkeloh
- Riemekeviertel
- Stadtheide
- Südstadt
Njonken de Paderborner kearnstêd hearre noch acht Ortsteile. Wever en Marienloh waarden mei in weryndieling op 1 july 1969 by Paderborn foege. Alle oare plakken waarden op 1 jannewaris 1975 by Paderborn weryndield.
It besjen wurdich
Yn 'e doarpen dy't letter by Paderborn yndield waarden, binne ek in tal tsjerken dy't it besjen wurdich binne. It romaanske Marijetsjerkje fan Neuenbeken hat ier 14e-iuwske fresko's. Yn Neuenbeken stiet ek in grut kleaster fan 'e Missysusters fan it Kostber Bloed. Yn Marienloh is in oan Us-Leaffrouwe fan 'e Sân Freugden wijde beafearttsjerke. It Slot Neuhaus yn it stedsdiel Schloß Neuhaus is in kastiel yn 'e Wezerrenêssânse. Schloß Neuhaus hat in oan 'e HH. Hindrik en Kunigonde wijde barokke tsjerke. MuseaEvenemint(en)
|