Iepening fan de PC

De PC fan 2014 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 161ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier. It wie in moaie simmerdei mei ideale keatsomstannichheden.

It Lotsjen

Marten Feenstra en Pier Piersma

Mei it lotsjen wiene der foar it earst twa partueren pleatst. De earste twa partueren yn de 'ranking' waarden sadanich pleatst dat sy net tsjin mekoar keatse koene. De lotting wie moai ferdield sadat de sterkere partueren mekoar meast yn de heale finale tsjinkomme soene. Ek wie it opmerklik dat it partuer fan Menno van Zwieten net meidwaan mocht, as sânde op de 'ranking' moasten ja dochs mei de 'keats-off' meidwaan om it lêste PC-plakje, en dy waard wûn troch it partuer fan Johannes van der Veen.

Earste List

Oan it begjin fan de dei wy der fuort in ferassing. It partuer fan Johan van der Meulen waard fuort fan de list ferwidere troch it degelik keatsende jonge partuer fan Haye Jan Nicolay. It partuer fan Johan van der Meulen kaam net ien kear yn de wedstriid en sa wie de PC fan de winners fan de foarige PC gau ôfrûn. De oare toppartueren wûnen harren wedstriid allegear maklik en troch goed te keatsen.

Twadde List

Op de twadde list waard it partuer fan Haye Jan Nicolay ferslein toch it partuer fan Jelte Pieter Dijkstra. It partuer fan Jan Dirk de Groot waard ferslein troch Martijn Olijnsma. De favorite partueren van van der Bos en Steenstra giene maklik nei de heale finale.

Heale Finale

Yn de heale finale waard Teake Triemstra yn it partuer fan Gert Anne van der Bos ferfong troch Jacob Wassenaar. Wassenaar naam de lêste wiken wol faker it plak fan Teake yn dy't in langdurige blessure oan syn skouder hie. Yn harren wedstriid tsjin Tsjisse Steenstra kamen se earst wol in spul achter, wylst sy op de stuit begûnen. It perk fan Cornelis Terpstra en Herman Sprik joech mêr tsjinstân dan yn de eardere omlopen. Mar doe't se ien kear yn it perk steane doe kearde de partij en waard der maklik wûn, benammen trochdat Jacob Wassenaar foarin geweldich stie te keatsen. Yn de oare partij hie it bettere partuer fan Olijnsma moaite om te winnen fan Jelte Pieter Dijkstra. Nei in foarsprong fan 3-5 waard der dochs noch ferlern, benammen troch in protte fouten. Dit wie de lêste kans op in PC oerwinning foar Marten Feenstra dy't syn lêste seizoen keatste.

Finale

It winnende perk yn aksje

De finale wie ienrjochtingsferkear. It partuer fan Jelte Pieter Dijkstra wie hielendal útkeatst en koe gjin fûst meitsje tsjin de favoriten. Benammen Jacob Wassenaar liet wer sjen dat der it keatsen noch net ferleard wie en jage in protte ballen oer de boppe.

List fan dielnimmers

1Johan van der MeulenBitgummole
Renze Pieter HiemstraSint Jabik
Hylke BruinsmaMinnertsgea
2Haye Jan NicolayBritsum
René AnemaBalk
Jan SchurerFrjentsjer
3Jelte-Pieter DijkstraEasterein
Hendrik Jan van der Velde Boalsert
Sjoerd de JongSint Anne
4Gosse BeeksmaKoarnjum
Bauke DijkstraEasterein
Rudolf SoepboerHolwert
5Hendrik TolsmaGoutum
Allard HoekstraFrjentsjer
Thomas van ZuidenTsjerkwert
6Jan Dirk de GrootBûtenpost
Dylan DrentHarns
Hans Wassenaar Ljouwert
7Martijn OlijnsmaGrou
Marten FeenstraFeinsum
Pier PiersmaEasterlittens
8Dirk Yde SjaardaEasterein
Erik HaitsmaWommels
Siebe GreidanusWjelsryp
9Enno KingmaSint Jabik
Pieter Jan Plat Ljouwert
Jouke Bosje Ljouwert
10Feiko Broersma Ljouwert
Sip Jaap BosEanjum
Jelte VisserSeisbierrum
11Gert-Anne van der BosHolwert
Taeke Triemstra/Jacob WassenaarSint Jabik
Daniël Iseger Ljouwert
12Pieter van AlthuisFrjentsjer
Jacob Klaas HaitsmaSint Anne
Patrick ScheepstraFrjentsjer
13Michiel ScheepvaartMakkum
Tjerck-Floris Karsten Boalsert
Erwin ZijlstraEasterlittens
14Bauke TriemstraSint Jabik
Alle Jan AnemaGrou
Hendrik KootstraMinnertsgea
15Johannes van der VeenPitersbierrum
Hyltje BosmaMakkum
Steven de BruinTsjummearum
16Tjisse SteenstraBitgummole
Herman SprikWytmarsum
Cornelis TerpstraBitgummole

Utslaggen

1e list
1Johan van der Meulen c.s.-2Haye Jan Nicolay c.s.4-5 (0-6)
3Jelte-Pieter Dijkstra c.s.-4Gosse Beeksma c.s.5-3 (6-6)
5Hendrik Tolsma c.s.-6Jan Dirk de Groot c.s.1-5 (6-6)
7Martijn Olijnsma c.s.-8Dirk Yde Sjaarda c.s.5-2 (6-6)
9Enno Kingma c.s.-10Feiko Broersma5-1 (6-2)
11Gert-Anne van der Bos c.s.-12Pieter van Althuis c.s.5-3 (6-0)
13Michiel Scheepvaart c.s.-14Bauke Triemstra c.s.5-5 (4-6)
15Johannes van der Veen c.s.-16Tsjisse Steenstra c.s.0-5 (4-6)
2e list
2Haye Jan Nicolay c.s.-3Jelte-Pieter Dijkstra c.s.2-5 (6-6)
6Jan Dirk de Groot c.s.-7Martijn Olijnsma c.s.2-5 (2-6)
9Enno Kingma c.s.-11Gert-Anne van der Bos c.s.1-5 (6-6)
14Bauke Triemstra c.s.-16Tsjisse Steenstra c.s.2-5 (2-6)
3e list
3Jelte-Pieter Dijkstra c.s.-7Martijn Olijnsma c.s.5-5 (6-0)
11Gert-Anne van der Bos c.s.-16Tsjisse Steenstra c.s.5-3 (6-4)
finale
3Jelte-Pieter Dijkstra c.s.-11Gert-Anne van der Bos c.s.0-5 (6-6)

Kening PC 2014

Daniël Iseger waard útroppen ta kening fan dizze PC.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.