P. F. Thomese, 2015

Pieter Frans Thomése (Doetinchem, 23 jannewaris 1958) is in Nederlânsk skriuwer.

Libben en wurk

Fan 1979 oant 1984 is Thomése redakteur en ferslachjouwer by it Eindhovens Dagblad. Yn 1984 pakt er syn skiednisstúdzje foar trije jier wer op, mar makket dy net ôf. Dêrnei skriuwt Thomése foar it wykblêd De Tijd en levert er bydragen foar NRC Handelsblad, inkele regionale deiblêden en Vrij Nederland. Fan jannewaris 1998 ôf oant april 2001 wie Thomése redakteur fan De Revisor.

Thomése publisearet syn earste literêre ferhaal yn 1986 yn it literêr tydskrift De Revisor. Dat ferhaal sit ek yn syn debút yn boekfoarm, de ferhalenbondel Zuidland ú 1990. Yn 1991 en 2003 kriget er literêre prizen en septimber 2007 ferskynde syn Vladiwostok! oer it "politike bedriuw" yn De Haach, de media en oare falkûlen. Vladiwostok! waard neamd foar de Gouden Uil 2008. In jier letter waard de bondel Nergensman. Autobiografieën nomineare foar de Gouden Uil 2009; en yn 2011 folget de nominaasje foar de AKO-literatuerpriis fan DE weldoener.

Prizen

  • 1991 - AKO Literatuerpriis foar Zuidland
  • 2003 - Max Pam Award foar Schaduwkind
  • 2010 - Esta Luisterboek Award foar J.Kessels: The Novel
  • 2012 - Bob den Uyl-priis foar Grillroom Jeruzalem
  • 2016 - Priis fan de Lêzersjuery Fintro Literatuerpriis foar De Onderwaterzwemmer

Bibliografy

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.