It pûnsmiet (útspr.: [pǝs'miǝt], "pusmiet", of [pǝs'mjɪt], "pusmjit", of ek wol [pmjɪt], "pmjit") is in tradisjonele Fryske flaktemjitte, dêr't de oerflakte fan stikken lân yn útdrukt waard.

Mjitte

Stikken lân waarden eartiids in protte beneamd neffens de grutte. It oerflak waard mei in namme oanjûn dy't oerienkaam mei it tal pûnsmietten dat it lân wie. De pûnsmiet is neffens Van Dale 36,75 are grut, mar der binne lytse regionale ferskillen. Begjin 19e iuw waarden de âldemjitten oan de kant skood. Ien Fryske pûnsmiet wie 1,25 mêd = 0,5 kowegong = 3674,3664 m². It is in sabeare krektens, want in pûnsmiet ferskilde earder fan plak ta plak. Omdat doarpen gauris ferskillende roedes hienen, moatte de pûnsmietten dus ek ferskillend west hawwe.

De grûnslach fan de pûnsmiet wurdt foarme troch de keningsroede: 240 kante keningsroeden meitsje in pûnsmiet. De pûnsmiet wurdt ferdield yn 12 einsen, elk fan 20 kante roeden. De kante roede waard ek wol peinje of keningsweide neamd.

Op guon plakken neamde men 1¼ pûnsmiet in mud en twa pûnsmiet in kowegong. In heale pûnsmiet waard in haid neamd. De wurden dy't yn de mjitterij brûkt wurde, hawwe te meitsjen mei jild. Winliken is mei 'pûn' de wearde fan in pûn sulver bedoeld. Ien pûn bestie út tolve ûns, mar der wiene ek oare ferdielings, en in ûns wie tweintich pinningen

21e iuw

It pûnsmiet hat it as flaktemjitte yn de iere 20e iuw ôflizze moatten tsjin de are en bunder, al wurdt er sels begjin 21e iuw noch in inkele kear oantroffen.

Op in soad plakken yn Fryslân waard noch lang in namme brûkt, mei dêrefter in sifer, wat dan wer de grutte fan it bedoelde persiel yn pûnsmiet oanjout. Sa wurdt bygelyks mei "lange 3" in lang en smel stik lân bedoeld ter grutte fan 3 pûnsmiet en is "achttjens hoek" in hoeke grûn fan 18 pûnsmiet (rom 6,5 bunder of ha.).

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.