Overvecht
Lokaasje fan Overvecht yn Utert
Lokaasje fan Overvecht yn Utert
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal3.490 (2017)[1]
Oerflak507 ha
Oar
Postkoade3561, 3562, 3563, 3564
Koördinaten52° 6' 58" NB, 5° 6' 40" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/overvecht
Der steane in soad flats yn Overvecht
Fiver mei de wettertoer op eftergrûn
Overvecht yn 1968

Overvecht is in wyk yn it noardeasten fan de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De namme fan de wyk betsjut "oer de Fecht". De wyk is rom en grien opset en hat 34.293 ynwenners (2019, Boarne: gemeente Utert) mei 15.572 wenten[2]. De wyk wie foar de bou fan de wyk Leidsche Rijn de grutste wyk yn de stêd. De wyk is in nei-oarlochske wyk mei in soad heechbou, lykas de wyk Kanaleneiland yn it súdwesten fan de stêd. Yn de wyk wenje minsken fan ferskate kulturele eftergrûnen. De wyk hat in soad eigen foarsjennings lykas in winkelsintrum, in wykburo, in plysjeburo[3], in biblioteek, en in eigen treinstasjon: Stasjon Utert-Overvecht.

Geografy

De wyk wurdt yn it noarden begrinzge troch de gemeente Stichtske Fecht, yn it easten oan de gemeente De Bilt, yn it suden troch it spoar fan Utert nei Kampen mei de wyk Noardeast, en yn it westen troch de rivier de Fecht mei de wyk Noardwest.

Skiednis

Yn 1954 anneksearre de gemeente Utert parten fan de gemeenten Maartensdijk, Achttienhoven en Westbroek, sa't it bouwen fan de wyk Overvecht mooglik waard. It gebiet besloech likernôch 800 hektare, dêr't 420 hektare fan ornearre waard foar it bouwen foar 45.000 bewenners. Oant 1960 wie Overvecht noch greidlân en yn de 1960-er jierren waarden Overvecht-Súd en Overvecht-Noard boud. Der waarden in soad flats boud en mar in bytsje wenten foar ien húshâlding. It grutste part fan de wenten is eigendom fan wentekorporaasjes. Yn it begjin wie de wyk in nijbouwyk, dy't wenromte bea oan minsken dy't wenten sochten yn de doetiidske krappe wentemerk. Hjoed-de-dei is de wyk útwoeksen ta in multykulturele stedswyk. Flats wurde ôfwiksele mei wenten foar ien hûshâlding en njonken hierwenten kome der hieltyd mear keapwenten. Yn 2011 waard it 50 jierrich bestean fan de wyk fierd. Yn 2012 waard úteinset mei it opkaltefaterjen fan guon buerten yn de wyk.

Yndieling

De wyk is ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Overvecht-Súd
    • Taag- en Rubicondreef en omkriten
    • Zamenhofdreef en omkriten
    • Wolga- en Donaudreef en omkriten
    • Neckardreef en omkriten
    • Poldergebied Overvecht
  • Overvecht-Noard
    • Zambesidreef en omkriten
    • Tigris- en Bostondreef en omkriten
    • Bedriuweterrein Nieuw Overvecht
    • Amazone- en Nicaraguadreef en omkriten

Strjitnammen

De strjitnammen yn Overvecht einigje allegear op -dreef (driuwen fan fee). De grutte trochgeande diken binne neamd nei ferneamde gelearden Einstein en Zamenhof. De diken dy't dy diken kruse, binne neamd nei rivieren. In part fan de oare strjitten hawwe geografyske of histoaryske nammen, dy te krijen hawwe mei de gebieten dêr't de nei neamde rivieren trochhinne streame. In Overvecht-Súd binne strjitten neamd nei lju út de opera, literatuer, de Romeinske en Grykske mytology en histoaryske froulju.

Yn Overvecht-Súd, súdlik fan de Einsteindreef, hawwe de strjitnammen Jeropeeske tema's; yn it noardwesten Amerikaanske en Antarktyske tema's; yn it noardeasten Aziatyske en Afrikaanske tema's. Australyske tema's komme lykwols net foar.

Berne yn Overvecht

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.