De Ouster Trijegea wurdt foarme troch trije doarpen yn de gemeente De Fryske Marren:

Beskriuwing

De Ouster Trijegea wurdt as ien mienskip sjoen, alhoewol't de trije doarpen trije offisjele kearnen binne mei in eigen postkoade. It Pleatslik Belang Ouster Trijegeaen komt op foar de belangen fan de bewenners fan de trije doarpen. Skoalle It Trijegeaster Honk yn Ousterhaule is de skoalle foar de trije doarpen.

Skiednis

De nammen jouwe oan dat Alde Ouwer it oarspronklike doarp is, dêr't letter it nije gea en de hichte (haule) út bewenne rekke binne. Worp fan Thabor skriuwt op 26 oktober 1516 lykwols oer de Ouster vyfgae, dat faaks hawwe der noch mear doarpen west.

Yn 1741 waard fan de Trijegea de Trijegeaster Feanpolder ynpoldere troch Johan Vegelin van Claerbergen. Yn 1883 waard in part dêrfan de aparte Trijegeasterfeanpolder makke, ta ferfeaning fan it gebiet.

Yn 1972/1973 kaam de gemeente Doanjewerstâl, dêr't de Ouwster Trijegea doe part fan wie, mei in marreplan foar in Trijegeaster Mar. Der waard lykwols bot tsjin it plan protestearre, dat de gemeenterie hat it plan ôfwiisd.

Yn 1984 is de Ouster Trijegea oergongen fan de gemeente Doanjewerstâl, dêr't it de súdeasthoeke fan foarme, nei de gemeente Skarsterlân, dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.