Oslo | ||
Oslo | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Oslo | |
Sifers | ||
Oerflak | 454,09 km² | |
dêrfan lân | 427,01 km² | |
dêrfan wetter | 27,08 km² | |
Ynwennertal | 672.061 (01-07-2017) | |
Befolkingstichtens | 1.468 ynwenners/km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
https://www.oslo.kommune.no/ | ||
Kaart | ||
Oslo (earder Christiania en Kristiania) is de haadstêd en de grutste stêd fan Noarwegen. It is ek de namme fan in gemeente en in provinsje, dy't beide eksakt itselde gebiet beslaan. Oslo is it ekonomysk en polityk sintrum fan Noarwegen en wurdt benammen yn de maritime yndustry as tige wichtich beskôge.
De gemeente Oslo hie op 1 july 2017 in ynwennertal fan 672.061 en wie oan it begjin fan de 21ste iuw de fluchst groeiende grutte stêd yn Jeropa.
Skiednis
Neffens guon Noarske sêgen waard Oslo om 1048 hinne troch kening Harald Hardråde stifte. By resinte archeologyske opgravings binne kristlike begraafplakken fan foar 1000 ûntdutsen, wat as bewiis beskôge wurde kin foar de teory dat it gebiet rûnom Oslo al earder bewenne waard.
Oer de oarsprong fan de namme Oslo wurdt noch in protte debatearre. It komt út it Aldnoarsk en wie nei alle wierskynlikens de namme fan in grutte pleats by Bjørvika, mar fan de betsjutting fan de namme is men noch net wis. Oer it algemien geane taalkundigen derfan út dat it orizjinele Óslo of Áslo oerset wurde kin as "greide oan de foet fan in heuvel" of "greide oan God wijd".
Yn 1624 brânde de stêd foar in grut part ôf, wêrnei't de Deensk-Noarske kening Kristiaan IV de stêd wat fierder nei it westen ta, tichter by it kastiel Akershus, weropbouwe liet. Hy neamde de stêd om nei himsels: Christiania. De namme waard yn 1877, doe't der in nije stavering kaam, feroare yn Kristiania. Yn 1925 krige de stêd syn oarspronklike namme Oslo wer werom.
Op 22 july 2011 waard Oslo troffen troch in bomoanslach dêr't acht minsken by om it libben kamen. Inkelde oeren letter waarden 40 kilometer fierderop, op it eilantsje Utøya, 69 minsken fermoarde. De dieder fan beide terreuraksjes is de ekstremistyske Noar Anders Breivik.
Geografy
Lizzing
Oslo leit yn it súdeasten fan Noarwegen en oan it noardlikste útein fan de Oslofjord. Yn alle rjochtingen, mei útsûndering fan it suden, wurdt de stêd omklamme troch bebeamme heuvels. Oslo bestiet út 40 eilannen, dêr't Malmøya (0,56 km²) it grutste fan is, en 343 marren. Alhoewol't der ferskate rivieren troch Østlandet streame, mûnet dêr net ien fan út by Oslo. Kjerkeberget is mei in hichte fan 629 meter it heechste punt yn de gemeente.
Klimaat
Oslo hat in fochtich lânklimaat (Köppen: Dfb) mei mylde winters en it hiele jier troch delslach. De simmers binne frij waarm mei in gemiddelde maksimumtemperatuer fan 22,3 °C yn july. It waarmterekôr is fan 21 july 1901, doe't yn Oslo in temperatuer fan 35 °C mjitten waard. De kâldste moanne fan it jier is jannewaris mei in gemiddelde maksimumtemperatuer fan -0,4 °C. De leechste temperatuer ea waard mjitten op 21 jannewaris 1841, doe't it -29,6 °C wie.
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | |
Eardere provinsjes | |
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken |