Mandelstam by syn earste arrestaasje yn 1934.
NKVD-foto fan Mandelstam
Mandelstam op in brievekaart, 1991

Osip Emiljevitsj Mandelstam of Mandelsjtam (Осип Эмильевич Мандельштам) (15 jannewaris 1891 - 27 desimber 1938) wie in Russysk dichter en essayist, wurdt beskôge as ien fan de grutste Russyske dichters fan de 20e iuw. De measte fan syn wurken wiene yn de perioade fan Stalin (1929-53) ûnbekend bûten Ruslân en waarden bûten publikaasje hâlden. Mandelstam wie ien fan de meast foaroansteande leden fan de Akmeïstyske skoalle fan poëzij, neist Anna Achmatova, wat him ôfskiede fan de hearskjende poëtyske streamings yn Ruslân. De earste gedichten fan Mandelstam wiene net persoanlik, mar letter begûn er ek mei it dichterlik analysearjen fan syn eigen ûnderfinen, de skiednis en de aktuele politike- en maatskiplike ûntjouwings.

Mandelstam siet mei earmoed, dat hy waard twongen ta it skriuwen fan berneboeken, en it oersetten fan boeken fan ûnder oaren Upton Sinclair, Jules Romains en Charles de Coster om troch de tiid te kommen. Fan 1925 oant 1930 skreau er gjin gedichten mear en gie er oer op proaza.

Mandelstam waard ynternasjonaal bekend en ferneamd yn 1970, doe't syn wurk yn it westen publisearre waard. Syn widdo, Nadezjda Mandelstam, publisearre har memoires yn twa dielen, wêryn't hja har libben mei Mandelstam yn it tiidrek fan Stalin út de doeken docht.

Mandelstams Voronezj-gedichten, publisearre yn 1990, jouwe it bêste byld fan it fierdere wurk dat er noch skriuwe wollen hie, at er de Goelagarsjipel oerlibbe hie.

Seleksje út syn wurk

  • Kamen – Stien, 1913
  • Tristia, 1922
  • Shum vremeni – 1925 – It proaza fan Osip Mandelstam
  • Stikhotvoreniya 1921 – 1925 – 'Gedichten', publ. 1928
  • Stikhotvoreniya, 1928
  • O poesii – 'Oer Poëzij', 1928
  • Egipetskaya marka 1928 – 'De Egyptyske postsegel'
  • Chetvertaya proza, 1930 – 'It Fjirde proaza'
  • Moskovskiye tetradi, 1930 – 1934 – 'Moskousk deiboek'
  • Puteshestviye v Armeniyu, 1933 – 'Reis nei Armeenje'
  • Razgovor o Dante, 1933 – 'Konversaasje oer Dante'; publisearre yn 1967
  • Voronezhskiye tetradi – Voronezh Notebooks, publ. 1980 (red. troch V. Shveitser)
  • 'Moderne Argaisten: Kar fan Gedichten troch Osip Mandelstam', 2008 (red. troch Whale and Star)

Neitins

De asteroide 3461 Mandelstam, ûntdutsen troch de Sovjet astronoom Nikolaj Stepanovitsj Chernykh yn 1977, is nei him neamd.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.