Gemeente Midden-Drinte
Lizzing Orvelte yn Midden-Drinte
Doarpsgesicht Orvelte

Orvelte is in brinkdoarp yn de provinsje Drinte, yn de gemeente Midden-Drenthe.

Orvelte presintearret harsels as museumdoarp (of monumintedoarp), om de soad histoaryske gebouwen yn en om Orvelte. Neist de "normale" deistige drokte en wenfunksje fan it doarp, binne in soad pleatsen en oare gebouwen ynrjochte foar it publyk. Auto's binne net tastien yn Orvelte.

Yn it doarp is, soms tsjin betelling, te sjen hoe't libbe en wurke waard yn earder tiden. Foarbylden fan attraksjes binne:

  • houtseagerij
  • smidte
  • glêsblazerij
  • klompmakkerij
  • winkeltsje
  • meardere ateliers en galerys.

It doarp waard yn de sechtiger jierren as museumdoarp ynrjochte. Dêrneist wurdt de omjouwing brûkt foar geologysk en biologysk fjildwurk.

Yn septimber 2009 waarden by it Oranjekanaal resten fan in mammoet fûn. It gie om in slachtosk fan in meter, in pear kiezzen en bonken. Yn de direkte omjouwing waarden ek yn 1991 al resten fûn[1]. De fynsten hearre grif by elkoar. De tsjeak dy't yn 1991 fûn is miste nammentlik twa kiezzen en de twa fûne kiezzen lykje dêr krekt yn te passen[2].

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Dagblad van het Noorden Resten van jonge mammoet gevonden bij Orvelte
  2. Trouw Resten mammoet gevonden in Drenthe
Midden-Drinte
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantinge • Nij-Balinge • OranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijster • Witteveen
Buorskippen:
Alting • BeilerfeartBrunstingBruntinge • De Polle • Eursing • Eursinge • Hijkersmilde • Holthe • Klatering • Laaghalen • LaaghalerveenLieving • Lievingerveld • Makkum • Norgerfeart (foar in part)Oosthalen • Rheeveld • Smalbroek • Ter Horst • Súdfjild
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.