Orne
Ferrin Orne yn de regio Normandje
Ferrin Orne yn de regio Normandje
geografy
lânFrankryk
ûntspringt ynAunou-sur-Orne
mûnet út ynIt Kanaal
lokaasje mûningby Ouistreham
sifers
lingte169,6 km
hichte boarne190 m
hichte mûning0 m
ôfwetteringsgeb.2.932 km²

De Orne is in rivier yn it noardwesten fan Frankryk. De rivier streamt troch de twa departeminten Orne en Calvados. It is wat lingte oanbelanget nei de Seine de wichtichste rivier fan Normandje.

Nei't de rivier dwers troch de hichten fan Suisse Normande (Switsersk Normandje) streamt, fynt de rivier syn loop kanalisearre troch de stêd Caen en mûnet dan út yn It Kanaal, dêr't de rivier in estuarium foarmet mei in grutte ekologyske rykdom.

De Orne hat de namme jûn oan it departemint Orne en in soad plakken dêr't de rivier by lâns of troch streamt.

Plakken oan de rivier

  • Aunou-sur-Orne
  • Sées
  • Argentan
  • Écouché
  • Putanges-Pont-Écrepin
  • Clécy
  • Thury-Harcourt
  • May-sur-Orne
  • Caen
  • Ouistreham


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.