Orléans
Rue Jeanne d'Arc mei sicht op de Cathédrale Sainte-Croix
FlaggeWapen
Polityk
Lân Frankryk
regioSintrum-Loiredelling
departemint Loiret
Sifers
Ynwennertal116.685 (2017)
Oerflak27.48 km²
Befolkingstichtens4.246 km²
Hichte90-124 meter boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websideorleans-metropole

Orléans (Latynsk: Aurelianum/Aurelia) is in stêd yn Frankryk, likernôch 130 km riden fan de haadstêd Parys. De stêd is de prefektuer fan it departemint Loiret en fan de regio Sintrum-Loiredelling yn de eartiidske provinsje Orléanais. Orléans hat in universiteit en it is de sit fan it bisdom Orléans. It histoaryske sintrum fan de stêd mei de goatyske katedraal leit oan de noardlike kant fan de Loire, de oan de súdlike kant fan de Loire lizzende stedsdielen binne fan lettere datum.

Skiednis

Ien fan de grutte histoaryske barrens fan de stêd wie de befrijing fan Frankryk yn 1429 fan de Ingelsen troch Jeanne d'Arc. Op de dagen 29 april en 7 en 8 maaie wurdt de befrijing fan de stêd noch jimmeroan betocht. Oan die befrijing hie Jeanne d'Arc har bynamme "Jongfaam fan Orléans" te tankjen.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekke yn 1940 it westlike diel fan de histoaryske binnenstêd troch Dútske bombardeminten slim skeind. Nei in trije dagen duorjende brân lei 13 hektare yn pún. Letter feroarsaken alliearre loftoanfallen foar noch mear skea.

Panoramasicht op it histoaryske sintrum fan Orléans

Ekonomy

Yn de tiid doe't de Loire noch befarber wie, wie Orléans in wichtich merk- en hannelssintrum. Tsjintwurdich is Orléans in yndustrystêd en foarmje de bestjoerlike funksje fan de stêd en de tsjinstferliening wichtige wurkjouwers. Ek it toerisme spilet in grutte rol yn de ekonomy fan de stêd.

Befolkingsûntwikkeling

Benammen yn de 20e iuw makke de stêd in grutte groei troch tanksij weryndielings en migraasje út de troch mechanisaasje troffen lannelike omkriten.

Jier180018511901195419992017
Ynwenners41.93747.39367.31176.439113.126116.685

It besjen wurdich

  • It Maison Jeanne d'Arc is it hûs dêr't Jeanne yn 1429 wenne. It hûs waard yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar mei âld materjaal neitiid rekonstruearre.
  • De Cathédrale Sainte-Croix (Katedraal fan it Hillich Krús) is oarspronklik in 13e iuwsk bouwurk. Hugenoaten fernielden it gebou foar it measte (útsein it 3e en 4e travee fan it skip), sadat it grutste diel fan de katedraal fanôf it begjin fan de 17e iuw datearret. Ek de Dútsers en Amerikanen feroarsaken yn de Twadde Wrâldkriich grutte skea oan it gebou. Oare monumintale tsjerken yn it histoaryske sintrum binne de Saint-Aignan oan de Rue du Cloître Saint-Aignan, de Saint-Paterne oan de Rue Bannier, de Saint-Euverte oan de Rue de l'Etelon, de Notre-Dame-de-Recouvrance oan de Rue de Notre-Dame-de-Recouvrance en de Saint-Donatien oan de Rue de la Charpenterie.
  • Yn it Musée de Beaux Arts is Frânske keunst fan de 15e oant 20e iuw te sjen.
  • It troch de famylje Groslot boude Hôtel Groslot wie eartiids û.o. it ferbliuw fan de Frânske kenings Frâns II en Karel IX en keninginne Katarina de' Medici.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.