Oranje Orange | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Provâns-Alpen- Côte d'Azur | |
Departemint | Vaucluse | |
Arondissemint | Carpentras | |
Kanton | Oranje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 29.856 (2016) | |
Oerflak | 74,2 km² | |
Befolkingsticht. | 402,4 / km² | |
Stêdekloft | Avignon | |
Hichte | 24-127 m | |
Oar | ||
Stifting | 35 f.Kr. | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 44°08′18″N 4°48′35″E | |
Offisjele webside | ||
www.ville-orange.fr | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Frankryk.
|
Oranje (Frânsk: Orange, útspr.: [o:'ʀɔ̃ʒ], likernôch: "oo-rânzj; Oksitaansk: Aurenja, útspr.: [o'rεnʒa], likernôch: "oo-ren-zja) is in stêd en gemeente yn súdlik Frankryk. It makket bestjoerlik diel út fan 'e regio Provâns-Alpen-Côte d'Azur en it departemint Vaucluse, en leit net fier benoarden de gruttere stêd Avignon. Oranje wie yn it ferline lange tiid de haadstêd fan it Prinsdom Oranje, in ûnôfhinklik minysteatsje. Oant 1713 wie dat in besitting fan it Hûs Oranje-Nassau. Tsjintwurdich hat Oranje in fierhinne agraryske ekonomy.
Geografy
Oranje leit yn it noardwesten fan 'e Provâns yn 'e Rônedelling oan it rivierke de Meyne, op in ôfstân fan 6 km beëasten de rivier de Rône. It kin rekkene wurde ta de stêdekloft fan Avignon, dat 21 km fierder nei it suden leit. Oranje hat in oerflak fan 74,2 km².
Skiednis
Oranje waard yn 35 f.Kr. stifte troch feteranen fan it Romeinske twadde legioen. De oarspronklike foarm fan 'e namme wie Arausio, nei in pleatslike Ketyske wettergod. Offisjeel hiet it yn it Latyn: Colonia Iulia Firma Secundanorum Arausio, wat betsjutte: "de Juliaanske Koloanje Arausio, Stifte troch de Soldaten fan it Twadde Legioen". Yn 't earstoan hie de namme fan 'e stêd dus neat te krijen mei de sinesapel (yn it Frânsk orange), mar letter waard er dêr mei lykslein, wierskynlik om't Oranje oan in hannelsrûte fan 'e Middellânske See nei noardlik Frankryk lei, dêr't û.m. sinesapels lâns ferfierd waarden. Op it plak dêr't de Romeinske stêd stifte waard, hie earder in Keltyske delsetting mei deselde namme lein, en yn 105 f.Kr. wie dêromtrint de Slach by Arausio útfochten tusken it Romeinske Ryk en de Germaanske stammen fan 'e Kimbren en de Teutoanen.
Arausio wie yn 'e Romeinske Tiid it sintrum fan in grut gebiet yn 'e noardlike Provâns, dêr't har in protte Romeinske feteranen nei wenjen setten. Mei't it in wichtich plak wie, hie it ek in protte publike bouwurken dy't it ta in soarte fan miniatuer-Rome makken. Sa beskikte it oer in selde soarte amfiteäter as Rome, mar folle lytser om't Arausio in folle lytsere befolking hie. Oan it begjin fan 'e Iere Midsiuwen wie Arausio in wolfarrend plak, mar yn 412 waard it plondere troch de Westgoaten. Tsjin dy tiid wie de befolking fierhinne ta it kristendom bekeard, en oan 'e ein fan 'e trêde iuw wie it Alde Bisdom Oranje ynsteld. (Tsjintwurdich is Oranje inkeld noch in titulêre biskopssit, dêr't feitliks gjin biskop mear residearret.) Yn 'e Iere Midsiuwen waard der twaris in konsylje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Oranje holden: yn 441 en jitris yn 529. It Twadde Konsylje fan Oranje wie wichtich om it de streaming fan it semypelagianisme ta ketterij feroardiele.
Yn 'e achtste iuw waard Oranje de sit fan in skaai fan Karolingyske greven, wêrfan't de earste neffens de oerlevering in hôveling fan Karel de Grutte west hawwe soe dy't Willem mei de Hoarn hiet. Dyselde soe yn 793 de stêd Oranje op 'e út Spanje wei opteine Arabieren ferovere hawwe. It Greefskip Oranje kaam yn 1032 of 1033 ta it Hillige Roomske Ryk te hearren as in fierders folslein ûnôfhinklik minysteatsje, dat yn 1163 troch keizer Freark I ta in soeverein prinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk ferheft waard. Nei it útstjerren fan it Hûs Oranje kaam it prinsdom yn 1173 yn it besit fan it Hûs Baux. Yn 1365 stifte keizer Karel IV de Universiteit fan Oranje.
Doe't yn 1393 it Hûs Baux yn 'e manlike line útstoar, kaam it Prinsdom Oranje ta it Hûs Châlon te hearren. De lêste manlike telch út dat skaai wie Filibert fan Châlon, dy't ûnder Karel V ûnderkening fan Napels wie. Doe't hy yn 1530 sneuvele by it Belis fan Florâns, liet er syn prinsdom nei oan syn omkesizzer René fan Châlon, de ienlingssoan fan syn suster Klaudia fan Châlon en Hindrik III fan Nassau-Breda. René fan Châlon kaam yn 1544 sûnder bern te sneuveljen yn 'e Slach by Saint-Dizier, wêrnei't it Prinsdom Oranje oergie yn 'e hannen fan syn folle neef, dy't sadwaande neitiid bekend wurde soe as Willem fan Oranje. Fanwegen dy syn kalvinistyske sympatyen rekke Oranje neitiid oan 'e kant fan 'e hugenoaten behelle yn 'e bloedige Frânske Godstsjinstoarloggen. Yn dy tiid waard de stêd Oranje slim skansearre by oarlochshannelings en kaam it prinsdom as gehiel ferskate kearen ûnder besetting fan troepen fan 'e Katolike Liga of de Frânske kening.
Nei de dea fan Willem fan Oranje, yn 1584, kaam Oranje ûnder it regear fan dy syn soannen Filips Willem, Maurits en Freark Hindrik en dêrnei fan syn pakesizzer Willem II en oerpakesizzer Willem III. Dy lêste, dy't behalven steedhâlder fan seis fan 'e sân gewesten fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen ek kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân waard, wie de aartsfijân fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV. Nei it útbrekken fan 'e Frânske Oarloch, yn it Rampjier 1672, waard Oranje sadwaande beset troch Frânske troepen. By de Frede fan Nimwegen, dy't yn 1678 sletten waard, krige Willem syn prinsdom werom, mar by de werropping troch Loadewyk XIV fan it Edikt fan Nantes, yn 1685, waard Oranje op 'e nij troch de Frânsen beset. By de Frede fan Ryswyk, dy't yn 1697 in ein makke oan 'e Njoggenjierrige Oarloch, moast Loadewyk XIV jitris Oranje weromjaan.
Willem III wie lykwols de lêste regearjende soevereine prins fan Oranje, want nei syn ferstjerren, yn 1702, ferklearre Loadewyk XIV it Prinsdom Oranje oan 'e Frânske Kroan ferfallen. Hoewol't neitiid sawol de Fryske steedhâlder Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz as kening Freark I fan Prusen oanspraak op 'e prinsetitel makken, hie net ien fan beiden it prinsdom feitliks ea yn besit. By de Frede fan Utert, dy't yn 1713 in ein makke oan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, stie Freark I fan Prusen it Prinsdom Oranje formeel ôf oan Frankryk, en yn 1732 lei steedhâlder Willem IV, de soan fan Jehan Willem Friso, him dêr yn it Ferdrach fan Dieling by del. Sa hold it Prinsdom Oranje yn 1713 op te bestean en gie it op yn it Keninkryk Frankryk. It waard opheft as aparte bestjoerlike ienheid en by de provinsje Dauphiné foege. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 kaam Oranje yn 1790 ta it departemint Drôme te hearren, dêrnei ta Bouches-du-Rhône en úteinlik ta Vaucluse.
Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw wie yn Oranje lange tiid it 1e Frjemdlingekavaleryrezjimint fan it Frânske Frjemdlingelegioen legere. Yn july 2014 ferfear dy ienheid nei in nije basis yn Camp de Carpiagne. Yn 1995 kaam Oranje wrâldwiid yn it nijs, doe't de stêd as earste Frânske gemeente in lid fan it ekstreem-rjochtse Front National (FN), te witten Jacques Bompard, ta boargemaster keas. Dyselde stapte yn 2005 út it FN en joech him oant 2010 by de konservative Mouvement Pour la France (MPF).
It besjen wurdich
Hjoed de dei stiet Oranje bekend om syn Romaanske arsjitektuer en om it Romeinske amfiteäter, it Alde Teäter fan Oranje, dat datearret út it begjin fan 'e earste iuw (n.Kr.) It wurdt wol it meast ymposante amfiteäter neamd dat yn Jeropa noch bestiet. Fierders is der de Triomfbôge fan Oranje, wêrfan't net alhiel dúdlik is wannear't er boud is, mar de hjoeddeistige konsensus ûnder saakkundigen hâldt it op earne ûnder it regear fan keizer Augustus. De triomfbôge befettet in ynskripsje út it jier 27, dy't opdroegen is oan keizer Tibearius, mar dat hâldt ferbân mei in restauraasje fan 'e bôge yn opdracht fan Tibearius om 'e oerwinnings te fieren fan 'e fjildhear Germanikus oer de Germaanske stammen fan it Rynlân. Yn 1981 binne sawol it amfiteäter as de triomfbôge opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.
Sûnt it amfiteäter yn 1869 restaurearre waard, hat it it plak west dêr't op jierlikse basis in muzykfestival holden wurdt, dat yn 1902 de namme Chorégies d'Orange krige. Dat is no in ferneamd ynternasjonaal evenemint op it mêd fan opera. Grutte stjerren hawwe deroan meiwurke, ûnder wa Plácido Domingo, Montserrat Caballé, Roberto Alagna, Barbara Hendricks en René Pape. Opera's lykas Tosca, Aïda, Faust, Carmen en Madame Butterfly binne yn it ramt fan 'e Chorégies opfierd en hawwe fan it publyk in steande ovaasje krigen.
It Museum fan Oranje, of it Musée, is benammen wijd oan pleatslike argeologyske fynsten en hat yn syn kolleksje de grutste kadastrale Romeinske kaart dy't ea weromfûn is, ynkurven yn moarmer. It ferlaat mjit 7.56 by 5.90 m en jout it gebiet tusken Oranje, Nîmes en Montélimar wer.
Susterstêden
Oranje hat acht susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.
- Vyškov (Tsjechje) (1964)
- Rastatt (Dútslân) (1965)
- Spoleto (Itaalje) (1981)
- Kielce (Poalen) (1992)
- Jarosław (Poalen) (2000)
- Byblos (Libanon) (2004)
- Vélez Rubio (Spanje) (2004)
- Weifang (Sina) (2004)
Dêrnjonken is Oranje ek lid fan 'e Feriening fan Oranjestêden, yn 'e mande mei:
- Breda (Nederlân)
- Diest (Belgje)
- Dillenburch (Dútslân)
- Orange (Kalifornje) (Feriene Steaten)
Demografy
Neffens offisjele gegevens fan 'e Frânske oerheid hie Oranje yn 2016 in befolking fan 29.856 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 402,4 persoanen de km². Oranje is de op twa nei gruste stêd fan it departemint Vaucluse, nei Avignon en Carpentras.
Klimaat
Oranje hat in fochtich subtropysk klimaat dat simmerdeis gewoanwei tefolle rein hat om te foldwaan oan 'e kritearia foar in Mediterraan klimaat. Nettsjinsteande dat binne de simmers dochs relatyf drûch en ek hjit. De winters binne myld, hoewol't froast en sniefal inkeld wolris foarkomme. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 9,9 °C. Rekôrtemperatueren yn Oranje binne 42,6 °C en –14,5 °C. De measte delslach falt hjerstmis en by 't maityd. Yn totaal kriget Oranje jiers trochinoar 709,1 mm delslach, ferdield oer trochinoar 66 dagen, wylst de stêd jiers mear as 2.595 oeren sinneskyn hat.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|