Opstanningstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adresAchter de Hôven 272
koördinaten53° 11' N 5° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipFolle Evangelyske Gemeente
Arsjitektuer
arsjitektNielsen, Spruit, van der Kuilen
boujier1960
Webside
Folle Evangelyske Gemeente, Ljouwert
Kaart
Opstanningstsjerke (Ljouwert)
Opstanningstsjerke

De Opstanningstsjerke (offisjeel: Opstandingskerk) is in tsjerkegebou fan 'e Folle Evangelyske Gemeente yn Ljouwert.

Skiednis

Oargel

De Opstanningstsjerke waard yn 1960 yn 'e wyk Achter de Hoven boud foar de Herfoarme Tsjerke fan Ljouwert. Oant 1995 bleau de tsjerke in herfoarme gebou, dêrnei waard de tsjerke oernommen troch de Folle Evangelyske Gemeente. De namme bleau lykwols itselde. [1]

Oargel

It oargel waard troch de nije gemeente fan 'e Herfoarme tsjerke oernommen en stiet noch jimmeroan op de galerij. It ynstrumint datearret út 1966 en waard boud troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga. Fanwegen de hege kwaliteit waarden der foarhinne op it oargel in soad konserten fan tsjerkemuzyk jûn.[2] Yn 'e tsjinsten fan 'e Folle Evangelyske Gemeente wurdt foar oare muzyk keazen en spilet it oargel net in grutte rol.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.