Under opstanning, weropstanning of ferrizenis wurdt it ferrizen fan in persoan út de dea ferstien. De abrahamityske godstsjinsten, joadendom, kristendom en islam, ferkundigen alle trije in opstanning nei de dea.
Opstanning fan Jezus
It kristendom belidet de opstanning fan Jezus út de dea en dat waard al oantroffen yn de âlde kristlike leauwen belibbenissen. Dat wurdt wertocht en fierd tidens it Peaskefeest. Yn it ferlingde fan de weropstanning stelt Jezus alle kristenen de opstanning út de dea yn it foarútsjoch. Hy jout dêrmei oan dat de dea net mear de ein betsjut fan it libben. Fierders kenne kristenen ek de krêft fan it ynwenjende "opstanningslibben" fan Kristus. De islam erkent net dat Jezus opstien is; neffens harren sil Jezus wol weromkeare op de Dei des oardiels, mar de Peaske-opstanning kenne sy net.
Yn de fjouwer evangeeljes (Mateüs, Markus, Lukas, Jehannes), it boek Hannelings en de earste brief fan de apostel Paulus oan de Korintiërs (1 Korintiërs) stiet dat Jezus nei Syn opstanning ferskynd is oan de folgjende minsken:
- Maria fan Magdala [1]
- De oare froulje by it grêf [2]
- Petrus yn Jeruzalem [3]
- De twa reizgers ûnderweis [4]
- Tsien dissipelen efter sletten doarren [5]
- Alle dissipelen en Tomas (útsein Judas Iskariot) [6]
- Sân dissipels ûnder it fiskjen [7]
- Alve dissipels op de berch [8]
- In kloft fan 500 minsken [9]
- Apostel Jakobus de Mindere [10]
- Sy dy't Him nei de himel fuortgean seagen [11]
- De apostel Paulus [12]
Op de tredde dei nei Syn dea oan it krús (op Goed Freed) stie Jezus op út de dea (Peaske), wêrnei Hy 40 dagen lang oan Syn dissipelen útlis joech dat alles wat bard wie barre moast om it plan fan God útfiere te kinnen. Dêrnei docht Hy de belofte de Hillige Geast te stjoeren om de dissipelen fierder ûnderrjocht te jaan om dan nei de himel te farren. (Himelfeartsdei), aldus it Evangeelje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|