Oppo Rancisis
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeThisspiasaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Saesee Tiin
Eeth Koth
Plo Koon
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1999

Oppo Rancisis (útspr.: [ˈɔpoʊ rænˈsisis], likernôch: "op-poo ren-sisys") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Thisspiasanen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Oppo Rancisis waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch akteur Jerome St. John Blake.

Fiktive biografy

Komôf

Oppo Rancisis wurdt ferskate iuwen f.Sl.Y. berne as in Thisspiasaan op 'e planeet Thisspias. Hy is de soan fan keninklike âlden en de kroanprins fan 'e Thisspiasaanske monargy. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, op Coruscant ta brocht. Dêr wurdt er as de padawan fan master Yaddle oplaat ta Jedi-ridder. As er folwoeksen is wurdt him de troan fan Thisspias oanbean, mar Rancisis betanket foar de ear en beslút om Jedi-ridder te bliuwen.

Iere jierren as lid fan 'e Hege Jedi Ried

Yn it jier 232 f.Sl.Y. wurdt Rancisis beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder, dêr't er yn 'e mande mei Yoda en syn eardere master Yaddle tsjinnet as ien fan 'e âldste leden.

Yn 'e neisleep fan 'e Grutte Hyperromteramp, dy't feroarsake is troch ynfallers dy't harsels de Nihil neame, freget Lina Soh, de kânselier fan 'e Galaktyske Republyk, de Jedi om help by it útrûgjen fan 'e Nihil. Dêr bestiet frijwat wjerstân tsjin yn 'e Hege Jedi Ried, mei't soks in militêre operaasje is en de Jedi gjin militêren binne. Rancisis, dy't riddenearret dat de Jedi dan wol gjin militêren wêze meie, mar yn it ferline dochs wol deeglik yn oarloggen fochten hawwe, is ien fan 'e leden dy't har útsprekke foar stipe oan 'e Republyk. Uteinlik wurdt it foarstel om help te bieden mei ien stim ferskil oannommen.

Nabookrisis

Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Rancisis noch altyd as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Tsjin dy tiid wurdt er mei master Yoda beskôge as ien fan 'e wiiste leden. Rancisis is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.

Rancisis is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.

Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan.

Kloane-oarloggen

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Rancisis noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy nimt net diel oan 'e befrijing fan Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis, dy't liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, mar wurdt letter wol in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hie. Rancisis wurd oanwiisd as ferbiningsofsier tusken de Jedi Oarder en it opperbefel fan it Grutte Leger fan 'e Republyk en tsjinnet yn dy hoedanichheid almeast yn it legerhaadkertier op Coruscant.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen nimt Rancisis yn 'e mande mei de Jedi-masters Quinlan Vos en Stass Allie it befel op him oer de troepen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk by de blokkade fan Saleucami. Hy is dêr noch as kânselier Palpatine, dy't de boasaardige Sith-master Darth Sidious blykt te wêzen, yn 19 f.Sl.Y. Oarder 66 útfurdiget, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. De wize Rancisis is ien fan 'e minmachtige Jedi-ridders dy't de kloanen net witte te deadzjen. Hy ûntkomt en dûkt neitiid ûnder. Syn sideplak is sa goed dat it sels de ynkwisiteurs fan it Galaktysk Keizerryk (in groep fan Krêftgefoeligen dy't nei yndoktrinaasje troch keizer Palpatine ynset wurdt as Jedi-jagers), net slagget om him op te spoaren. Der wurdt nea wer wat fan Rancisis fernommen en syn lot is ûnbekend.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.