Opmar
Opmeer

Loftôbyld fan Opmeer en Spanbroek
flaggewapen
lokaasje
polityk
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
sifers en geografy
haadplakOpmeer
grutste plakOpmeer
ynwennertalplak: 2,150 (1 jannewaris 2023)[1]
gemeente: 12.180 (2023)
befolkingstichtens293 ynw./km² (gemeente)
oerflak41,94 km² (gemeente)
● wêrfan lân41,50 km² (gemeente)
● wêrfan wetter0,44 km² (gemeente)
tal doarpen8
ferkearsieren
skiednis
oprjochte1817
oar
netnûmer0226, 0229
postkoade1660-1663, 1715-1719
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.opmeer.nl

Opmeer (Frysk: Opmar) [2] is in doarp en gemeente yn 'e krite West-Fryslân yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As gemeente bestiet Opmeer sûnt 1817. Yn 1959 anneksearre it de buorgemeente Spanbroek en yn 1979 de buorgemeente Heechwâld.

It gemeentehûs stiet yn it doarp Opmeer, dat ek it meast sintraalyn 'e gemeente leit en de gemeente syn namme joech. Opmeer wurdt al sûnt 1310 neamd en de plaknamme ferwiist nei in lokaasje boppe in mar. Oant it begjin fan 'e 20e iuw wie Opmeer noch in typysk boeredoarp. Sûnt 1960 sette de útwreiding yn mei nije wiken en tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw wiene de plakken Opmeer en Spanbroek al oan inoar fêstgroeid. De doarpen hawwe yn 'e rin fan 'e tiid in soad fan harren eigenens ferlern.

Plakken yn de gemeente Opmeer

Offisjele plaknamme Fryske plaknamme Jier fan yndieling by de gemeente
Opmeer Opmar [3]
Hoogwoud Heechwâld [4] sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer
Aartswoud Aartswâld [5] sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer
De Weere De Weare [6] sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer
Gouwe sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer
Spanbroek Spanbroek [7] sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer
Wadway Waadwei [8] sûnt 1979 foar in part yndield by de gemeente Opmeer
Zandwerven sûnt 1979 yndield by de gemeente Opmeer

Buorskippen:

  • Abbekerkeweere (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • Harderwijk (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • De Kaag, (sûnt 1959 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • De Snip (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • Lagehoek
  • Langereis (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • Paradijs (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)
  • De Kolk (sûnt 1979 ûnderdiel fan de gemeente Opmeer)

Skiednis

Argeologyske fynsten lykas it bonkerak fan 'Kees de Stientiidman' bewize dat it gebiet al yn 'e Nije Stientiid bewenne waard.

Stedsrjochten

Riedshûs fan Spanbroek.
Westfryske stjelp oan de Koningspade 31 yn Heechwâld.

De plakken Opmeer en Spanbroek krigen as ûnderdiel fan in bestjoerlike weryndieling yn 1414 tegearre as ien gebiet stedsrjochten (Opmeer en Spanbroek). Yn dy tiid waard hast it hiele Westfryske plattelân ferdield yn plattelânsstêden. Yn Opmeer stie it rjochtshûs fan 'e 'stede', dat yn 1598 boud wie en oan 'De Waterkant' stie; it riedshûs út deselde tiid stiet noch jimmeroan yn Spanbroek op 'e splitsing Hertog Willemweg-Spanbroekerweg. Under de ferantwurdlikens fan it stedsbestjoer foelen ek de lytsere plakjes Noord-Spierdijk, Spierdijk, Zandwerven en Zuidermeer. Ek Hensbroek en Obdam hearden foar in hoart by de stêd Opmeer en Spanbroek, mar yn 1434 foarmen Hensbroek en Obdam mei in pear stedsrjochten in eigen hearlikheid en yn 1456 besieten Hensbroek en Obdam hast folle stedsrjochten. By it ûntstean fan gemeenten nei de Frânske tiid yn 'e 19e eeuw waarden de plattelânsstêden as bestjoersfoarm opheft en Opmeer en Spanbroek selstannige gemeenten. Dy skieding duorre oant 1959, doe't de gemeenten Opmeer en Spanbroek fusearren ta de gemeente Opmeer.

De ûnder de gemeente Opmeer fallende doarpen Heechwâld Aartswâld wiene gjin ûnderdiel fan 'e 'stede' Opmeer en Spanbroek; Heechwâld krige yn 1414 eigen stedsrjochten.

Slach by Heechwâld

Yn 1256 fûn nei alle gedachten by Berkmeer de Slach by Heechwâld plak. By it treffen mei de West-Friezen ferstoar Willem II fan Hollân, dat yn it gemeentewapen fan de gemeente Opmeer symboalysk betocht wurdt. Nei syn ferstjerren waard Willem II efter de hurdplaat fan in pleats yn Heechwâld byset en der wurdt wol ornearre dat dit de hjoeddeiske Museumpleats is, mar dy pleats datearret fan 1900. Ek de Willemshoeve kin it net wêze, want dy waard yn 1700 boud. Willem's soan Floaris V besocht ferskate kearen syn heit werom te finen om yn eigen gebiet in lêste rêstplak te jaan en dat slagge nei in treffen yn 1282, werby't Heechwâld plondere en de Westfryske ynwenners fan it plak foar in grut part troch de Hollanners útmoarde waarden.

It hûs fan Heechwâld

Noardlik fan Heechwâld hat tusken de Koningspade en de Herenweg in kastiel stien. Fan dat 'hûs', lykas in kastiel yn dy tiid faak neamd waard, bestiet in 18e-iuwske pentekening. Mooglik waard it kastiel oan it begjin fan 'e 15e iuw foar it earst bewenne troch Eduard fan Hollân, ridder en soan fan greve Willem VI fan Hollân en healbroer fan Jakoba fan Beieren. Letter wie it fan 'e aadlike famylje Egmont. Dat ferklearret ek de grêft om it kastiel hinne. It oanlizzen fan in grêft om in hûs wie yn dy tiid nammentlik allinne mar tastien foar aadlike famyljes. Nei alle gedachten is it kastiel rillegau nei de ferkeap fan 1607 troch Lamoraal fan Egmont ôfbrutsen. Om't der útsein in pinnetekening fierder gjin oantinkens mear fan it kastiel binne, wurdt der wolris twivele oft it kastiel wol bestien hat of dat it net mear as in soarte fan hearehûs wie. Fanwegen de oerienkomsten fan 'e tekening mei de kastielen fan Skagen en Purmerein en dat de famylje Egmont ta de hegere Hollânske adel hearde, mei oannommen wurde dat it wis wol in kastiel west hat.

Seehaven Aartswâld

Yn 'e midsiuwen oant it droechlizzen fan it Ouderlandentocht en de lettere Wieringermar lei Aartswâld oan 'e Sudersee. Noch jimmeroan leit it plak oan de Westfryske Omringdyk. Aartswâld hie yn dy tiid in haven foar de skippen dy't nei de Poalsee farden om op walfisk te jeijen. Ta neitins oan dy tiid binne der noch jimmeroan opskriften op hûzen en pleatsen te finen. Der wurdt wol sein dat de tsjerketoer ek in fjoertoer wie. De see by Aartswoud wie tige nuodlik en it fjoer op 'e toer waard somtiden mei sin oanstutsen om 'e skippen yn noed te bringen. By it fergean fan in skip koe de earme befolking nammentlik profitearje fan it oanspielde guod. Dat wie yn dy tiden net frjemd. It is net bekend hoe faak as de bewenners fan Aartswâld harren dêr oan besûndige ha.

Hearlikheden yn de gemeente

Yn 'e midsiuwen doe't der noch gjin gemeente Opmeer bestie, wie it gebiet dat no de gemeente Opmeer is opdield yn trije hearlikheden. In hearlikheid wie in bestjoersfoarm mei woartels út in feodale ûnderferdieling fan 'e oerheid. De trije hearlikheden yn Opmeer wiene alletrije hege hearlikheden, dat wol sizze dat de lânshear it rjocht hie om misdiedigers ta de dea te feroardieljen.

Ekonomy

It grutste diel fan it gemeentegebiet wurdt tsjintwurdich noch jimmeroan brûkt foar de lânbou, fral as greide foar it fee. De measte ynwenners wurkje yn de yndustry en tsjinstensektor yn de omkriten, lykas yn Amsterdam dat sa'n 35 kilometer fierder leit.

De gemeente leit oan 'e rykswei N241, 10 kilometer noardwestlik fan Hoarn tichteby de ôfslach Wognum fan de A7 en E22 en 14 kilometer noardwestlik fan Alkmar.

De tichtstbylizzende treinferbining is yn Obdam (gemeente Koggelân), in pear kilometer súdlik fan 'e gemeente. Ek is der in goede busferbining nei Hoarn. Goed 40 kilometer nei it suden leit de Lofthaven Skiphol.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  3. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  4. Sjoch plaknammelist
  5. Sjoch plaknammelist
  6. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  7. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  8. Nij Frisia, maart 2015, side 20

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side


Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.