In opinyblêd is in regelmjittich ferskinend tydskrift dêr't in eigen (politike) miening (opiny) yn ta útdrukking brocht wurdt. Ek kin it wêze dat sa'n publikaasje ynstee besiket om 'e mieningsfoarming fan 'e lêzers oan te fiterjen. Yn Nederlân komme de opinyblêden Elsevier en de De Groene Amsterdammer wykliks út. Foarbylden fan opinyblêden dy't ienris yn 'e moanne ferskine, binne HP/De Tijd en Vrij Nederland. Ienris yn 'e twa moannen wurdt it blêd Maarten! publisearre, dat ûntspruten is oan en ferneamd nei de bekende tillefyzjepersoanlikheid Maarten van Rossem. In foarbyld fan in Frysktalich opinyblêd is de Moanne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.