Lizzing yn de eardere gemeente Westfoarne
Doarpstsjerke fan Eastfoarne

Eastfoarne (Nederlânsk en offisjeel: Oostvoorne) is in baaiplak op it eilân Voorne yn de gemeente Foarne oan See yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It ynwennertal bedraacht 7910 (2015).

Oant 1 jannewaris 1980 wie Eastfoarne in selsstannige gemeente, besteande út de lyksa neamde kearn en Tinte. Dêrnei waard de gemeente gearfoege mei Rockanje ta de nije gemeente Westfoarne.

Yn it doarp stiet de rekonstruksje fan it midsiuwske mottekastiel de 'Boarch fan Foarne', ek wol 'Jacoba Boarch' neamd omdat it as bûten fan Jacoba fan Beieren brûkt waard. De boarch wie net goed fundearre en wie dêrtroch al yn de santjinde iuw net folle mear as in ruïne.

Dialekt

Tradisjoneel sprutsen de ynwenners it Eastfoarnsk dialekt. Dit is besibbe oan it Siuwsk, krekt as it Flakkeesk dat op Goeree-Overflakkee sprutsen wurdt. It Eastfoarnsk stjert yn heech tempo út troch de grutte ynstream fan Rotterdammers en minsken út oare stêden yn de omkriten.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.