Ons Genoegen

Ons Genoegen oan de J.H. Huyssenstrjitte is ien fan de wynmûnen fan de stêd Middelburch yn de provinsje Seelân.

De nôtmûne waard yn 1847 boud en bleau oan 1964 yn bedriuw. Yn dat jier feroarsake in fûle brân in ein de ferneatiging fan it mealwurk. Yn 1956 naam de gemeente Middelburch it eigendom oer. De mûne is yn 1971 wer yn oarder makke, mar it binnenwurk waard net rekonstruearre. De mûne wurdt nei dy tiid goed ûnderholden en frijwilligers litte de mûne regelmjittich draaie.

De yn 1999 fernijde roeden fan de mûne binne goed 25 meter lang en hawwe âldhollânsk hekwurk. Yn 2001 krige de mûne in nije stelling.

Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.