One of Us | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Should I Laugh or Cry" | |
artyst | ABBA | |
album | The Visitors | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 7 desimber 1981 | |
opnommen | Polar studios 21 oktober 1981 | |
doer | 3:55 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
Abba - One Of Us (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
sertifisearre | ![]() |
One of Us is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 21 oktober 1981 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album The Visitors út 1981. One of Us wie it sechsde nûmer op it album en waard op 7 desimber 1981 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
One of Us waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It nûmer giet oer in frou dy 't wer libben besiket te blazen yn in ferrûne relaasje. It nûmer lit de wat tsjustere kant fan de teksten fan Björn Ulvaeus en Benny Andersson sjen: de echtskiedingen fan de twa manlju binne dúdlik werom te hearren yn it nûmer.
Muzikanten
- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen
Gastmuzikanten
- Lasse Wellander - Gitaar & Mandoline
- Rutger Gunnarsson - Bas & Mandoline
- Ola Brunkert - drums
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.