On the Prowl
algemiene gegevens
auteurferskaat
taalIngelsk
foarmferhalebondel
sjenrefantasy
1e publikaasje2007, New York
oarspr. útjwr.Berkley Books
kodearring
ISBN978-0 42 52 16 590

On the Prowl is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut safolle as "driigjend omslûpen op jacht nei it ien of oar". It boek omfettet fjouwer novelles, neffens de tekst op 'e omslach oer "tsjustere strjitten en ûnminsklike hertstochten". Se binne spesjaal foar On the Prowl skreaun troch Patricia Briggs, Eileen Wilks, Karen Chance en Sunny. De novelles fan Briggs en Wilks hearre ta it subsjenre fan 'e urban fantasy, wylst Chance en Sunny paranormal romance skriuwe. On the Prowl waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Berkley Books.

Novelles

  1. Patricia Briggs, Alpha and Omega (ûnderdiel fan 'e romansearje Alpha and Omega)
  2. Eileen Wilks, Inhuman (ûnderdiel fan 'e romansearje Lupi)
  3. Karen Chance, Buying Trouble
  4. Sunny, Mona Lisa Betwining (ûnderdiel fan 'e romansearje Mona Lisa)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia; Wilks, Eileen; Chance, Karen; en Sunny, On the Prowl, New York, 2007 (Berkley Books), ISBN 978-0 42 52 16 590.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.