In omke- en muoikesizzer (of, hollanistysk, omke- en tantesizzer) is de beneaming foar in bern fan in broer of suster. Omke- en muoikesizzers kinne ûnderskaat wurde yn omkesizzers (yn ferhâlding ta de omke) en muoikesizzers (yn ferhâlding ta de muoike). Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip, wêrby't de omke- of muoikesizzer en de (biologyske) omke of muoike 25% fan harren genetysk materiaal gemien hawwe. De term is lykwols ek fan tapassing op 'e bern fan sweagers en skoansusters, wêrby't de omke- of muoikesizzer en de (oantroude) omke of muoike yn prinsipe gjin biologyske besibskip hawwe. Yn guon minsklike kultueren is it fierders wenst en tsjut de bern fan jins folle neven en nichten oan as omke- of muoikesizzers. In omkesizzer moat net betize wurde mei in omsizzer; dat is immen dy't hûs oan hûs it ien of oar meidielt, lykas in leedoansizzer.

'Omke- en muoikesizzer' is hoe dan ek in geslachtsneutrale oantsjutting, dy't dus neat seit oer it geslacht fan 'e omke- of muoikesizzer. Oars as it Nederlânsk (neef, nicht) of it Ingelsk (nephew, niece) beskikt it Frysk net oer in wurd dat it geslacht fan 'e omke- of muoikesizzer dúdlik makket. It opdwaanderige 'omke- en muoikesister' is grammatikaal mooglik, mar wurdt nea brûkt. In styfomkesizzer of styfmuoikesizzer is de soan of dochter fan in styfbroer of -suster. In âldomke- en -muoikesizzer is de beneaming foar in pake- of beppesizzer fan in broer of suster. Dat is in foarm fan trêdegraads besibskip. In oerâldomke- en -muoikesizzer is de beneaming foar in oerpake- of -beppesizzer fan in broer of suster. Dat is in foarm fan fjirdegraads besibskip. By eltse fierdere generaasje komt der ien kear mear "oer-" foar "âldomke- en -muoikesizzer" te stean.

De term nepotisme, fan it Latynske nepotem ("manlike omkesizzer"), ferwiist nei in spesjaal soarte fan korrupsje, wêrby't men jins famyljeleden befoardielet. It wurd nibling is in neologisme dat yn 1951 troch de taalkundige Samuel Martin foarsteld waard as in ienfâldige oerkoepeljende beneaming foar manlike en froulike omke- en muoikesizzers. It gebrûk hjirfan is lykwols beheind bleaun ta spesjalisearre geneälogyske en antropologyske literatuer. Histoarysk hie in manlike omkesizzer wetlik faak mear rjochten as in dochter, benammen op it mêd fan it erfrjocht. Yn beskate kultueren, lykas guon yn dielen fan Yndia en noardlik Banglades, is dat noch altyd sa.

Yn argayske terminology wurdt nei in manlike maternale omkesizzer (de soan fan jins suster) ferwiisd as susterssoan. Dêrmei waard foarhinne de wichtigens fan 'e neiste manlike famyljebân beklamme, fral as men sels gjin soan hie. Dizze praktyk is bygelyks bekend út fereskate Midsiuwske Arthurleginden, en waard oangeande de keningen fan Rohan imitearre troch de Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien yn syn magnum opus The Lord of the Rings. De minder gongbere term sustersdochter foar in froulike maternale omkesizzer komt ek foar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit mem) | bern (soan dochter) | sibling (broer suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man frou) | skoanâlden (skoanheit skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit styfmem) | styfbern (styfsoan styfdochter) | styfsibling (styfbroer styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.