Giro Donne | ||||
holden yn | Itaalje | |||
data | juny, july | |||
sport | hurdfytsen | |||
organisator | PMG Sport | |||
earste edysje | 1988 | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | Omgong fan Itaalje foar froulju 2022 | |||
folgjende edysje | Omgong fan Itaalje foar froulju 2023 | |||
|
De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro Donne van 2013-2020 Giro Rosa) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje foar froulju. Wurdt yn de simmer yn etappen troch gâns Itaalje fytst.
Skiednis
Yn de jierren 90 duorre de Omgong faak tolve dagen en waard yn de perioade 1995-1998 fjouwer kear op rige wûn troch de Italjaanske Fabiana Luperini dy't yn 2008 noch in fiifde oerwinning taheakke in rekôr dat noch altyd stiet (2022). Yn de earste jierren fan de 21e iuw bestie de Giro Donne meastal út in prolooch en njoggen etappen. Yn desimber 2012 waard bekend dat organisator Epinike him nei trije jier weromluts. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte Omgong oankundige dy't yn july ferriden waard ûnder de nije namme Giro Rosa. Fan 2014 ôf duorret de Giro wer tsien dagen (prolooch of ploegetiidrit en njoggen etappen ), útsûndering wie 2020 mei njoggen etappen. Nei opnij in organisaasje wiksel waard de Omgong yn 2021 ferriden as de Giro d'Italia Internazionale Femminile en yn 2022 wer as de Giro Donne.
Winners Rôze trui
Jier | Winner | Nasjonaliteit | Ploech |
---|---|---|---|
1988 | Maria Canins | Italjaansk | |
1989 | Roberta Bonanomi | Italjaansk | |
1990 | Catherine Marsal | Frânsk | |
1991 & 1992 Omgong net organisearre | |||
1993 | Lenka Ilavská | Tsjechysk | Swann Hooch |
1994 | Michela Fanini | Italjaansk | |
1995 | Fabiana Luperini | Italjaansk | GS Gelati Sanson |
1996 | Fabiana Luperini | Italjaansk | GS Gelati Sanson |
1997 | Fabiana Luperini | Italjaansk | GS Gelati Sanson |
1998 | Fabiana Luperini | Italjaansk | Sprint |
1999 | Joane Somarriba | Spaansk | Alfa Lum |
2000 | Joane Somarriba | Spaansk | Alfa Lum |
2001 | Nicole Brändli | Switsersk | Edil Savino |
2002 | Svetlana Boebnenkova | Russysk | Edil Savino |
2003 | Nicole Brändli | Switsersk | Team Prato Marathon Bike |
2004 | Nicole Cooke | Britsk | Safi-Pasta Zara-Manhattan |
2005 | Nicole Brändli | Switsersk | Team Bigla |
2006 | Edita Pučinskaitė | Litousk | Nobili Rubinetterie - Menikini - Cogeas |
2007 | Edita Pučinskaitė | Litousk | Nürnberger Versicherung |
2008 | Fabiana Luperini | Italjaansk | Menikini - Selle Italia - Master Colors |
2009 | Claudia Häusler | Dútsk | Cervélo TestTeam |
2010 | Mara Abbott | Amerikaansk | Peanut Butter & Co. |
2011 | Marianne Vos | Nederlânsk | Nederland Bloeit |
2012 | Marianne Vos | Nederlânsk | Rabobank-Liv Woman |
2013 | Mara Abbott | Amerikaansk | Exergy TWENTY16 |
2014 | Marianne Vos | Nederlânsk | Rabobank-Liv Woman |
2015 | Anna van der Breggen | Nederlânsk | Rabobank-Liv Woman |
2016 | Megan Guarnier | Amerikaansk | Boels Dolmans |
2017 | Anna van der Breggen | Nederlânsk | Boels Dolmans |
2018 | Annemiek van Vleuten | Nederlânsk | Mitchelton-Scott |
2019 | Annemiek van Vleuten | Nederlânsk | Mitchelton-Scott |
2020 | Anna van der Breggen | Nederlânsk | Boels Dolmans |
2021 | Anna van der Breggen | Nederlânsk | Team SD Worx |
2022 | Annemiek van Vleuten | Nederlânsk | Movistar |
2023 | Annemiek van Vleuten | Nederlânsk | Movistar |
Measte oerwinningen
5x
- Fabiana Luperini wûn de Omgong fan 1995 oant en mei 1998 en yn 2008.
4x
- Anna van der Breggen wûn de Omgong yn 2015, 2017, 2020 en 2021.
- Annemiek van Vleuten wûn de Omgong yn 2018, 2019, 2022 en 2023
3x
- Nicole Brändli wûn de Omgong yn 2001, 2003 en 2005
- Marianne Vos wûn de Omgong yn 2011, 2012 en 2014
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|