flagge fan Frankryk Omgong fan Frankryk 1904
2e edysje
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 1904
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 1904
Tiidrek2 - 24 july 1904
Startplakflagge fan Frankryk Montgeron
FinishplakParys
Totale ôfstân2.428 km
Dielnimmers88
Klasseminten nei 6e etappe
WinnerFlagge fan Frankryk FRA Henri Cornet
PloegenFlagge fan Frankryk FRA La Française
foarrige edysjeOmgong fan Frankryk 1903
folgjende edysjeOmgong fan Frankryk 1905
Temaside  Sport

De 2e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 2 oant en mei 24 july 1904.

Rebûlje

In Omgong dy't neffens de Frânske parse ek de lêste wêze soe. It like derop dat de wedstriid, nei it sukses fan de edysje 1903, deroan gean soe oan eigen populariteit. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotetappe nei it Parc des Princes ûnmooglik.

Diskwalifikaasjes

Ienris yn Parys die bliken dat Maurice Garin syn twadde oerwinning boekt hie, diskear mei in foarsprong fan mar trije en in heale minút op Lucien Pothier. Mar de freugde duorre net lang. It Frânske hurdfytsbûn wegere de útslach fanwegen alle ûnregelmjittichheden, lykas it foar in part "riden" fan de rûte mei trein. In flink tal hurdfytsers, wêrûnder de earste fjouwer fan it einklassemint, waard út de útslaggen skrast en Pothier waard foar it libben op non-aktyf set. Maurice Garin krige in startferbod fan twa jier. De oerwinning gie úteinlik nei Henri Cornet, dy't hast trije oeren efterstân hie op Garin. De lêste hurdfytser dy't yn Parys oer einstreek kaam die der goed 101 oeren langer oer.

Etappe-oersjoch

Datum Etappe Start –
Finish
Ofstân
(yn km)
Type Winner Giele trui Klassemintslieder
2 july 1ste Montgeron -
Lyon
467 km Flak profyl Flakke etappe Flagge fan Frankryk FRA Maurice Garin Flagge fan Frankryk FRA Maurice Garin
9 july 2e Lyon -
Marseille
374 km Heuveleftich profiel Heuveletappe Flagge fan Frankryk FRA Hippolyte Aucouturier
13 july 3e Marseille -
Toulouse
424 kmFlak profyl Flakke etappe Flagge fan Frankryk FRA Hippolyte Aucouturier
17 july 4e Toulouse -
Bordeaux
268 km Flak profyl Flakke etappe Flagge fan Frankryk FRA Lucien Pothier
20 july 5e Bordeaux -
Nantes
425 km Flak profyl Flakke etappe Flagge fan Frankryk FRA Hippolyte Aucouturier
6e 23 july Nantes -
Parys (Ville d'Avray)
471 km Flak profyl Flakke etappe Flagge fan Frankryk FRA Hippolyte Aucouturier
Datum Etappe Start –
Finish
Ofstân
(yn km)
Type Winner Giele trui Klassemintslieder


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Omgong fan Frankryk
    Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer
    Fryske dielnimmers · froulju
    Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet
    1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024
    wizigje
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.