Omar Sharif
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeOmar Sharif
(berne as Michel Demitri Chalhoub)
nasjonaliteit Egyptysk
berne10 april 1932
berteplakAleksanderje (Egypte)
stoarn10 july 2015
stjerplakKaïro (Egypte)
etnisiteit Syrysk-Arabysk
jierren aktyf19542015
prizen3x Golden Globe
Gouden Eareliuw 2003
César du Cinéma 2004
offisjele webside
gjint

Omar Sharif (Arabysk: عمر الشريـف‎, sekuerdere transliteraasje: ‘Umar Eš-Šarīf; útspr.: [ˈʕumɑɾˤ ɛʃɪˈɾiːf]; berne as: Michel Demitri Chalhoub; Aleksanderje, 10 april 1932Kaïro, 10 july 2015) wie in Egyptysk akteur fan kristlik Syrysk komôf. Hy sette syn karriêre yn 'e fyftiger jierren yn syn eigen lân útein, en wûn dêrby ek bekendheid troch syn houlik mei de ikoanyske Egyptyske aktrise Faten Hamama, wêrfoar't er him ta de islaam bekearde. Yn 'e sechstiger jierren briek er ynternasjonaal troch mei rollen yn klassike Ingelsktalige films as Lawrence of Arabia, Doctor Zhivago en Funny Girl. Hy waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Golden Globes, en wie behalven yn Amerikaanske en Britske films ek te sjen yn Frânske, Italjaanske, Spaanske, Grykske en Arabyske produksjes. Njonken syn aktearkarriêre wie Sharif ek in libbenslange entûsjast fan it kaartspul bridge (dêr't er ferskate boeken oer publisearre), en teffens wied er grut leafhawwer fan hynstekoersen.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Omar Sharif waard yn 1932 berne yn 'e Egyptyske havenstêd Aleksanderje, as Michel Demitri Chalhoub, yn in melkitysk Gryksk-katolike húshâlding fan Syrysk komôf. Syn heit, Joseph Chalhoub, wie in foaroansteand keapman yn djoere houtsoarten dy't oarspronklik út Zahlé, yn Libanon, kaam en koart nei de iuwwiksel nei Egypte emigrearre wie. Syn heite famylje kaam oarspronklik fan Damaskus, yn Syrje. Doe't Sharif fjouwer jier wie, ferhuze it gesin nei de Egyptyske haadstêd Kaïro, dêr't er fierder opgroeide. Syn mem, Claire Sa'ada, waard dêr in bekend gastfrou foar de hegerein, en kening Farûk kaam oant syn ôfsetting yn 1952 geregeldwei by de Chalhoubs oer de flier.

Sharif learde oan it Fiktoariakolleezje yn Aleksanderje, dêr't syn talint foar talen oan it ljocht kaam, en letter oan 'e Universiteit fan Kaïro, dêr't er ôfstudearre yn wis- en natuerkunde. Dêrnei wurke er ferskate jierren foar syn heite ûndernimming, oant dy yn 1952 yn 'e swierrichheden kaam troch nasjonalisaasjes en oare beheinings fan 'e frije hannel doe't yn Egypte de republyk útroppen waard en Gamal Abdel Nasser oan it bewâld kaam. Sharif teach dêrop nei Londen, dêr't er in aktearoplieding folge oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA). Hy feroare yn namme yn "Omar Sharif" doe't er him yn 1955 ta de islaam bekearde om mei aktrise Faten Hamama trouwe te kinnen.

Omar Sharif mei Julie Christie yn Doctor Zhivago (1965).

Aktearkarriêre

Yn 1954 sette Sharif yn Egypte útein mei syn aktearkarriêre, mei in rol yn 'e film Shaytan Al-Sahra ("Duvel fan 'e Woastyn"). Datselde jiers noch spile er ek mei yn Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hy rekke al gau ferneamd, en spile neitiid mei yn grutte Egyptyske produksjes as La Anam ("Sliepleas"; 1958), Sayyidat al-Qasr ("Frouwe fan it Paleis"; 1959) en Nahr el Hub ("De Rivier fan 'e Leafde"; 1961), in adaptaasje fan 'e roman Anna Karenina fan Lev Tolstoj.

Yn 1962 spile Sharif foar it earst yn in Ingelsktalige film, doe't er troch de Britske regisseur David Lean cast waard yn 'e rol fan sjaryf Ali yn it histoaryske epos Lawrence of Arabia (oer de Britske ofsier T.E. Lawrence). Dy rol levere Sharif in nominaasje op foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, wylst er der in Golden Globe mei wûn yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in spylfilm en in (dielde) Golden Globe yn 'e kategory nije manlike stjer fan it jier. Filmkenners beskôgje Lean syn kar foar Sharif om in rol te ferfoljen dy't no rûnom beoardiele wurdt as ien fan 'e dreechste byrollen yn 'e filmskiednis, as tige riskant, mei't de man doedestiden bûten syn heitelân Egypte frijwol folslein ûnbekend wie.

Sharif mei Geraldine Chaplin yn Doctor Zhivago (1965).

Syn earste Ingelsktalige rol betsjutte foar Sharif ek daliks syn ynternasjonale trochbraak, en yn 'e folgjende pear jier spile er yn ferskate oare Westerske films. Dêrby profitearre er folop fan syn ûndúdlike etnisiteit, mei't er behalven foar in Arabier likegoed trochgean koe foar in Spanjert, in Italjaan, in Gryk, in Turk, in Armeen, in Joegoslaaf, in Rus, in Meksikaan, in Kubaan of sels in wat dûnker útfallen Middenjeropeaan. Dêrby spriek er behalven Arabysk en Ingelsk ek floeiend Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Gryksk, neffens himsels "[...] mei in aksint dat my by steat stelde en spylje de rol fan in frjemdling sûnder dat wa ek krekt wist wêr't ik wei kaam [...]" Dêr makke Sharif gebrûk fan troch behalven yn Arabyske en Ingelsktalige films ek oan Frânske, Italjaanske, Spaanske en Grykske produksjes mei te wurkjen.

Yn it histoarysk epos The Fall of the Roman Empire (1964) spile Sharif de man fan 'e Romeinske prinsesse Lusilla, in rol fan Sophia Loren. In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e Spaanske Boargeroarloch, yn 'e film Behold a Pale Horse (1964). Ek spile Sharif in Joegoslavyske partizaan yn The Yellow Rolls-Royce (1964), de Mongoalske feroverder Dzjengis Khan yn Genghis Khan (1965), in Dútsk militêr yn The Night of the Generals (1967), Rudolf, kroanprins fan Eastenryk yn Mayerling (1968) en de Argentynske revolúsjonêr Che Guevara yn Che! (1969). Syn bekendste rol njonken dy fan sjaryf Ali yn Lawrence of Arabia hie Sharif lykwols yn David Lean syn epyske leafdesferhaal Doctor Zhivago (1965), in adaptaasje fan 'e roman mei deselde namme út 1957 fan 'e Russyske skriuwer Boris Pasternak. Yn dy film, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch, de Russyske Revolúsje en de Russyske Boargeroarloch spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e dokter en dichter Joeri Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e Sovjet-Uny tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in Golden Globe foar bêste manlike akteur yn in dramafilm.

Omar Sharif yn 1993.

In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice yn 'e film Funny Girl (1968). Syn tsjinspylster wie dêrby de Joadsk-Amerikaanske sjongster Barbra Streisand yn har earste filmrol. Funny Girl waard yn 1967 opnommen, wylst yn it Midden-Easten de Seisdeiske Oarloch útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Israel oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard er yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch Funny Lady, út 1975.

Oare films dêr't Sharif yn spile, wiene de western Mackenna's Gold (1969), mei Gregory Peck; de skriller Juggernaut (1974), mei Richard Harris; en it romantysk drama The Tamarind Seed (1974), mei Julie Andrews. Hy spile yn 1979 in Arabyske prins dy't in Westerske dokter as slavinne keapje wol yn Ashanti. Yn 1976 hied er in cameo yn 'e komeedzjefilm The Pink Panther Strikes Again, en yn 1984 wied er mei in selde soarte fan roltsje te sjen yn 'e spionaazjeparody Top Secret!. Oan it begjin fan The 13th Warrior (1999) hie Sharif in koarte rol as de mentor en majordomo fan 'e haadpersoan, spile troch Antonio Banderas. Yn 2003 fertolke Sharif de haadrol yn 'e Frânske film Monsieur Ibrahim, in adaptaasje fan 'e roman Monsieur Ibrahim et les Fleurs du Coran, fan Éric-Emmanuel Schmitt, as in islamityske Turkske keapman dy't de rol fan heit op him nimt foar in Joadske jonge. Mei dat optreden wûn Sharif yn 2004 de César du Cinéma (de wichtichste Frânske filmpriis) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 2003 hied er op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje ek de Gouden Liuw foar it Oeuvre al wûn.

Behalven as filmakteur wie Sharif yn syn mear as sechstichjierrige aktearkarriêre ek op 'e tillefyzje te sjen yn in ferskaat oan tillefyzjefilms en minysearjes. Sa hied er de rol fan Koda Dad yn 'e rige The Far Pavilions (1984), dy't yn Britsk-Ynje spilet; fertolke er de rol fan Russyske foarst Fjodor Romodanovski yn 'e minysearje Peter the Great (1986), oer tsaar Peter de Grutte; en wied er te sjen as tsaar Nikolaas II yn 'e rige Anastasia: The Mystery of Anna (1986). Fierders spile er in Marokkaansk bedoeïnehaadman yn 'e rige Maktub: The Law of the Desert (1992), en fertolke er de rol fan Jetro, de skoanheit fan 'e Israelityske profeet Mozes, yn 'e minysearje The Ten Commandments (2006).

Sharif jout in bridgedemonstraasje yn Nederlân (1967).

Bridge

Sharif wie alhiel besleifere fan it kaartspul bridge en hearde op in stuit ta de fyftich bêste bridgespilers fan 'e wrâld. Mei Charles Goren skreau er ferskate jierren lang in kollumn foar de Amerikaanske krante de Chicago Tribune, al liet er dêrby it eigentlik skriuwwurk fierhinne oer oan Tannah Hirsch. Fierders wie Sharif de auteur fan ferskate publikaasjes op it mêd fan bridge, en liet er yn 1992 in bridge-kompjûterspultsje ûnder syn namme publisearje as Omar Sharif on Bridge, dat oarspronklik útbrocht waard yn in MS-DOS- en in Amiga-ferzje, mar dat tsjintwurdich noch altyd beskikber is foar Windows en mobile tillefoans.

Priveelibben

Sharif troude mar ien kear yn syn libben, en dat wie mei de yn har eigen lân wiidferneamde Egyptyske aktrise Faten Hamama. Hy kaam mei har yn 'e kunde doe't se yn 1954 syn tsjinspylster wie yn 'e film Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hoewol't Hamama oan dy tiid ta altyd wegere hie om foar de kamera te tútsjen, makke se foar Sharif in útsûndering. Hja rekken fereale opinoar en hy bekearde himsels ta de islaam sadat er noch datselde jiers mei har trouwe koe. Se krigen ien soan, Tarek El-Sharif, dy't berne waard yn 1957 (en yn Doctor Zhivago de rol fan Joeri Zjivago as achtjierrich bern spile). Yn 1965, doe't it rezjym fan Nasser him reisbeheinings oplizze woe, gie Sharif yn frijwillige ballingskip yn Jeropa, wat úteinlik ta de ein fan syn houlik late, om't Hamama om utens net aardzje koe. Hja giene yn 1966 as freonen útinoar, en skieden formeel yn 1974. Sharif woe letter hawwe dat Faten Hamama de iennichste frou wie dêr't er ea fereale op wurden wie.

Omar Sharif yn 2009 mei de Libaneeske sjongster en aktrise Cyrine Abdelnour.

Oer syn affêre mei Barbra Steisand, yn 1967, sei Sharif neitiid dat er har by harren earste moeting net bjustere oantreklik fûn, mar dat er al rillegau ûnder har tsjoen rekke. Dat koste him op in hier nei syn Egyptyske nasjonaliteit. Under de produksje fan Lawrence of Arabia rekke Sharif goed befreone mei de Iersk-Britske akteur Peter O'Toole, dy't yn dy film de titelrol fertolke. In oare freon fan sines wie de foaroansteande Egyptyske egyptolooch Zahi Hawass. Fierders kaam út Sharif syn fassinaasje mei hynsteracen ek in libenslange freonskip mei hynstetrener David Smaga fuort. Sharif wie faak te finen op 'e Frânske racebanen en wie sels eigner fan in stikmannich hynders dy't ferskate prizen wûnen. Nei geraden dat er âlder waard, sette Sharif him wer yn Kaïro nei wenjen, yn 'e neite fan syn famylje. Underwilens hied er ek twa pakesizzers krigen, Omar Sharif jr., berne yn Montreal, yn 1983, dy't ek akteur is, en Karim Sharif.

Ferstjerren

Yn maaie 2015 waard nei bûten ta brocht dat Sharif oanhelle rekke wie mei de sykte fan Alzheimer. Op 10 july 2015, minder as in healjier nei de dea fan syn eks-frou Faten Hamama, kaam Sharif yn 'e âlderdom fan 83 jier yn in Kaïreensk sikehûs te ferstjerren nei't er troffen wie troch in hertoanfal. Syn útfeart waard op 12 july yn it bywêzen fan famylje, freonen en kunde holden yn 'e Grutte Moskee fan Mushir Tantawi, yn eastlik Kaïro. Syn deakiste waard in Egyptyske flagge oerhinne drapearre.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1954Shaytan al-Sahraûnbekendynternasjonale titel: Devil of the Desert of Devil of the Sahara
1954Sira‘ Fi al-WadiAhmedynternasjonale titel: The Blazing Sun, Struggle in the Valley of Fight in the Valley
1955Ayyamna al-HolwaAhmedynternasjonale titel: Our Best Days
1956La Châtelaine du LibanMokrirynternasjonale titel: The Lebanese Mission; op 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif"
1956Sira‘ Fi al-MinaRagabynternasjonale titel: A Fight within the Port
1957La AnamAzizynternasjonale titel: Sleepless of No Tomorrow
1957Ard al-SalamAhmedynternasjonale titel: Land of Peace
1958GohaGohaop 'e ôftiteling fermeld as "Omar Cherif"
1958Shatie el AsrarMamdohynternasjonale titel: Beach of Secrets
1958Ghaltet HabibiSalahynternasjonale titel: My Lover's Fault
1959Sira'a fil NilMuhassabynternasjonale titel: Struggle on the Nile
1959Sayyidat al-QasrAdelynternasjonale titel: Lady of the Palace
1959Min Ajal Emra'a Shokriynternasjonale titel: For a Woman
1959Maweed Ma'a Maghul Madgiynternasjonale titel: An Appointment with the Unknown
1959Fadiha fil ZamalekAhmedynternasjonale titel: Scandal in Zamalek
1960Nahna el TalamizaAdelynternasjonale titel: We the Students
1960Lawet el Hubûnbekendynternasjonale titel: Love Sickness
1961Gharam el Assiadûnbekendynternasjonale titel: Masters' Love
1961Bidaya wa NihayaHassanienynternasjonale titel: A Beginning and an End
1961Esha'a HobHusseinynternasjonale titel: A Rumor of Love
1961Nahr al-HobKhalidynternasjonale titel: The River of Love
1961Hobi al-Wahidkaptein Adelynternasjonale titel: My Only Love
1961Fi Baytuna RagulIbrahimynternasjonale titel: There is a Man in Our House
1962Lawrence of Arabiasjaryf Aliwûn Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in spylfilm
wûn Golden Globe foar nije stjer fan it jier (akteur)
nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1964The Fall of the Roman EmpireSohamus
1964Behold a Pale HorseFrancisco
1964The Yellow Rolls-RoyceDavich
1965Genghis KhanDzjengis Khan
1965Marco the Magnificentsjeik Alla Hou, 'De Woastynwyn'
1965Doctor Zhivagodokter Joeri Andrejevitsj Zjivagowûn Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1965El Mamalikûnbekend
1967The Night of the Generalsmajoar Grau
1967More Than a Miracleprins Rodrigo Fernandez
1968Funny GirlNicky Arnstein
1968Mayerlingaartshartoch Rudolf
1969Mackenna's GoldJohn Colorado
1969The AppointmentFrenderico Fendi
1969Che!Che Guevara
1969Trois hommes sur un chevalun turfistenet fermeld op 'e ôftiteling
1971The Last ValleyVogel
1971The HorsemenUraz
1971The BurglarsAbel Zachariatagelyk ek mei deselde cast opnommen yn it Frânsk as Le Casse
1972Le Droit d'aimerPierre
1973La Isla Misteriosa y el Capitán Nemokaptein Nemoynternasjonale titel: The Mysterious Island
1974The Tamarind SeedFeodor Sverdlov
1974Juggernautkaptein Alex Brunel
1975Funny LadyNicky Arnstein
1976Ace Up My SleeveAndre Ferrenek bekend as Crime and Passion
1976The Pink Panther Strikes AgainEgyptyske hiermoardnercameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1979Ashantiprins Hassan
1979BloodlineIvo Palazzi
1980S*H*Ebaron Cesare Magnascoek bekend as S*H*E: Security Hazards Expert
1980The Baltimore Bulletde Diaken
1980Oh! Heavenly DogMalcolm Bart
1981Green IceMeno Argenti
1981InchonYndiaaske ofsiercameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1983Ayub ûnbekend
1984Top Secret!spesjaal agint Cedric
1987Grand LarcenyRashid Saud
1988Les Possédés Stepanynternasjonale titel: The Possessed
1988Les Pyramides bleuesAlexynternasjonale titel: The Novice
1988Keys to FreedomJonathan
1989Al-AragozMohamed Gad El Kareemynternasjonale titel: The Puppeteer
1990Mountains of the Moonde sultannet fermeld op 'e ôftiteling
1990Viaggio d'Amore Rico
1990The Rainbow ThiefDima
1991El Mowaten Masriûnbekendynternasjonale titel: War in the Land of Egypt of An Egyptian Citizen
1991MayrigHagop
1992588 Rue ParadisHagopynternasjonale titel: Mother
1992Tengoku no Taizai Tsai Mang Hua
1993Dehk we Le'b we Gad we Hobûnbekendynternasjonale titel: Laughter, Games, Seriousness and Love
1997Heaven Before I DieKahlil Gibran
1998Mysteries of Egyptpakedokumintêre
1999The 13th WarriorMelchisideck
2001Censorûnbekend
2001The Parole OfficerVictor
2003Monsieur IbrahimIbrahimwûn César du Cinéma foar bêste akteur
2004Hidalgosjeik Riyadh
2006Fuoco Su di Meprins Nicola
2006One Night with the Kingprins Memucan
200810,000 BCn.f.t.ferteller
2008Hassan wa MorkusHassan / Morkusynternasjonale titel: Hassan and Marcus
2009Al Mosaferde âldere Hassanynternasjonale titel: The Traveller
2009J'ai oublié de te direJaumeynternasjonale titel: I Forgot to Tell You
2013A Castle in Italyhimsels
2013Rock the CasbahMulay Hassan
20151001 Inventions and the World of Ibn Al-Haythampakelêste filmrol
tillefyzje
1966The Poppy Is Also a Flowerdokter Radtillefyzjefilm
1980Pleasure PalaceLouis Lefèvretillefyzjefilm
1984The Far PavilionsKoda Dadminysearje
1985Vicious CircleJoseph Garcintillefyzjefilm
1985Edge of the WindMcCorquodaletillefyzjefilm
1986Peter the Greatprins Fjodor Romodanovski
1986Haremsultan Hassanminysearje
1986Anastasia: The Mystery of Annatsaar Nikolaas II fan Ruslânminysearje
1991Memories of MidnightConstantin Demiristillefyzjefilm
1992Mrs. 'Arris Goes to Parismarkys Hippolitetillefyzjefilm
1992Maktub: The Law of the Desertemir Beni-Zairminysearje
1995Catherine the GreatAleksej Razûmovskitillefyzjefilm
1996Gulliver's Travelsde tsjoenderminysearje
1999Cleopatra's Palace: In Search of a Legendn.f.t.voice-over by in dokumintêre
2001Shaka Zulu: The Citadelde keningtillefyzjefilm
2002Building the Great Pyramidn.f.t.voice-over by in dokumintêre
2005Imperium: Saint Peterde apostel Petrustillefyzjefilm
2006The Ten CommandmentsJetrominysearje
2007Hanan wa HaneenRaufynternasjonale titel: Tenderness and Nostalgia
2008The Last TemplarKonstantinetillefyzjesearje

Publikaasjes

  • 1976 – Éternel Masculin (mei Marie-Thérèse Guinchard; yn 1977 oerset yn it Ingelsk as The Eternal Male)
  • 1980 – Goren's Bridge Complete (mei Charles Goren)
  • 1982 – Ma Vie au Bridge (mei Anne Segalen en Patrick Sussel; yn 1983 oerset yn it Ingelsk as Omar Sharif's Life in Bridge)
  • 2004 – Omar Sharif Talks Bridge
  •  ???? – Bridge Deluxe II Play with Omar Sharif (bridgehânlieding)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.