Omaha-Ponka
algemien
oare namme(n)Omaha-Ponka-talen
lokaasjeGrutte Flakten
tal talen2
tal sprekkers25 (2007)
taalbesibskip
taalfamyljeSûaansk
  Westsûaansk
    Mississippydelling-
        Sûaansk

        Degihaansk
          Omaha-Ponka
subgroepenOmaha
Ponka

It Omaha-Ponka is in lytse taalkloft dy't diel útmakket fan 'e Sûaanske talen, in grutte taalfamylje dêr't in protte lânseigen Yndiaanske talen út Noard-Amearika ta hearre. It Omaha-Ponka heart ta de Degihaanske groep fan 'e Westsûaanske talen, en is nau besibbe oan it Kansa-Osadzje en oan it Kwapou.

Ta dit taalgroepke hearre twa talen, it Omaha (Omaha) en it Ponka (Ponca), dy't sa nau oaninoar besibbe en sa goed ûnderling fersteanber binne dat se troch de measte taalkundigen as dialekten beskôge wurde en it Omaha-Ponka net as in taalgroep, mar as in taal. De Omaha- en Ponka-Yndianen sjogge dat lykwols oars, en beskôgje harren eigen respektivelike spraken wol deeglik as selsstannige talen.

It Ponka is útstoarn, en it Omaha hie yn 2007 noch mar 25 memmetaalsprekkers en 35 twadde-taalsprekkers. Der wurdt krewearre om 'e beide talen wer nij libben yn te blazen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.