Olympyske Spullen | ||||
Olympyske Ringen | ||||
sport | 26 Simmersporten 7 Wintersporten | |||
organisator | Ynternasjonaal Olympysk Komitee | |||
earste edysje | 1896 Atene (Simmerspullen) Sjamoniks 1924 (Winterspullen) | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 2022 Peking (Winterspullen) | |||
folgjende edysje | 2024 Parys (Simmerspullen) | |||
|
De Olympyske Spullen binne in ynternasjonaal sportevenemint, dêr't eltse fjouwer jier twa fan hâlden wurde: de Olympyske Simmerspullen en twa jier letter de Olympyske Winterspullen. De organisaasje fan de spullen is yn hannen fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee, mar de organisaasje fan elts apart spul docht de stêd dêr't de spullen hâlden wurde, troch in apart organisaasjekomitee. Op it stuit (2010) is Jacques Rogge foarsitter fan it YOK.
Klassike Olympyske Spullen
Yn de klassike âldheid waarden alle fjouwer jierren by Olympia spullen hâlden ta eare fan Seus. Earst sûnt 776 f.Kr. waarden de nammen fan de winners byhâlden. De spullen begûnen as yn iendeiswedstriid yn hurdrinnen. Letter kamen der ek de estafette, it fakkelrinnen, de fiifkamp (diskussmiten, fierspringen, hurdrinnen, spearsmiten en wrakseljen), de pankration, it wapenrinnen, en it weinrinnen by, en waarden de spullen in wike.
De dielnimmers wienen frije Hellenen en letter ek Romeinen, mar allinnich foar it weinrinnen koenen froulju ynskreaun wurde. Dat froulju ynskreaun wurde koenen woe net sizze dat se sels meidienen: by it weinrinnen waarden de hynders ynskreaun op de namme fan de eigner, net dy fan de stjoerman.
Yn it jier 394 makke Teodosius de Grutte in ein oan de Klassike Olympyske Spullen.
Moderne Olympyske Spullen
De Moderne Olympyske Spullen wienen in idee fan de Franske baron Pierre de Coubertin dat er op 25 novimber 1892 foar it earst publyklik makke. Pas yn 1894 waard it Ynternasjonaal Olympysk Komitee oprjochte. Mar doe gie it hurd, dat dêr't De Coubertin tocht hie de earste spullen in 1900 yn Parys te hâlden, waarden yn 1896 de earste moderne spullen al organisearre yn Atene. Grikelân hie de spullen graach altyd organisearje wollen, mar om it idee fan ynternasjonale spullen fuort te sterkjen waarden de spullen eltse fjouwer jier yn in oar lân organisearre.
Yn 1924 waard yn Sjamoniks in Ynternationale Wintersportwike organisearre. Doe't dat in súkses waard, waarden fjouwer jier letter yn Sankt Moritz de twadde Olympyske Winterspullen organisearre. Oant en mei 1992 waarden de beide spullen yn itselde jier hâlden, mar yn 1994 waarden wer Winterspullen hâlden, yn Lillehammer sadat se no krekt út de pas rinne mei de Olympyske Simmerspullen.
Sporten
Simmersporten
- Hjoeddeiske sporten
- Sporten út it ferline
Wintersporten
- Hjoeddeiske sporten
Hâlden en takomstige Olympyske Spullen
Rekôr
De Amerikaanske swimmer Michael Phelps behelle by de Spullen fan 2012 yn Londen syn 22ste Olympyske medaille. Hy swom dêrmei it rekôr fan Larisa Latina út de eardere Sovjet-Uny dy't op de Spullen fan 1956, 1960 en 1964 yn totaal 18 Olympyske medailles behelle by it Gymnastyk út de boeken.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Olympic Games fan Wikimedia Commons. |