XXe Olympiade | ||||
![]() | ||||
holden yn | Turyn, Itaalje | |||
jier | 2006 | |||
dielnimmende lannen | 80 | |||
dielnimmende atleten | 2.633 | |||
eveneminten | 84 yn 7 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 10 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 26 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 2002 Salt Lake City | |||
folgjende edysje | 2010 Vancouver | |||
|
De Olympyske Winterspullen 2006, ek wol de XXe Olympiade neamd, waarden yn 2006 hâlden yn de Italjaanske stêd Turyn fan 10 oant en mei 26 febrewaris.
Akkommodaasjes
De Spullen fûnen úteinlik op twa ferskate lokaasjes plak. Alle iissporten en de iepenings- en slutingsseremoanje fûnen yn en direkt rûnom Turyn plak. De metro fan Turyn wie dêrfoar oanlein. De oare sporten fûnen plak yn de omjouwing fan Sestriere, yn de bergen westlik fan Turyn (op sawat oardel oere riden). Dêrom wiene der meardere Olympyske doarpen om atleten te hûzjen, sawol yn Turyn as yn de bergen.

Plak | Akkkommodaasje | Ynformaasje |
---|---|---|
Turyn | ||
Medal Plaza | Medalje-útrikking | |
Olympysk doarp | Underkommen atleten | |
Olympysk Stadion | Iepenings- en slutingsseremoanje | |
Oval Lingotto | Reedriden | |
Palasport Olimpico | Iishockey | |
Palavela | Shorttrack, Keunstriden | |
Torino Esposizioni | Iishockey | |
Bardonecchia | ||
Melezet | Snowboarden | |
Olympysk doarp | Underkommen atleten | |
Cesana Torinese | ||
Cesana San Sicario | Biatlon | |
Cesana Pariol | Bobslydzjen, rodeljen, skeleton | |
San Sicario Fraiteve | Alpineskyen | |
Pinerolo | ||
Palazzo Polifunzionale del Ghiaccio | Curling | |
Pragelato | ||
Pradzalà | Skânsspringen, Noardske kombinaasje | |
Pragelato Plan | Skyrinnen, Noardske kombinaasje | |
Sauze d'Oulx | ||
Jouvenceaux | Freestyleskyen | |
Sestriere | ||
Olympysk doarp | Underkommen atleten | |
Sestriere Borgata | Alpineskyen | |
Sestriere Colle | Alpineskyen |
Sporten
Op de Spullen fan 2006 stiene sân sporten op it programma en 84 ûnderdielen ferdield oer 15 dissiplines.
Medaljes
Medaljespegel
Plak | Lân | NOK | ![]() |
![]() |
![]() |
Totaal |
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Dútslân | ![]() | 11 | 12 | 6 | 29 |
2 | Feriene Steaten | ![]() | 9 | 9 | 7 | 25 |
3 | Eastenryk | ![]() | 9 | 7 | 7 | 23 |
4 | Ruslân | ![]() | 8 | 6 | 8 | 22 |
5 | Kanada | ![]() | 7 | 10 | 7 | 24 |
6 | Sweden | ![]() | 7 | 2 | 5 | 17 |
7 | Súd-Korea | ![]() | 6 | 3 | 2 | 11 |
8 | Switserlân | ![]() | 5 | 4 | 5 | 14 |
9 | Itaalje | ![]() | 5 | 0 | 6 | 11 |
10 | Frankryk | ![]() | 3 | 2 | 4 | 9 |
Nederlân | ![]() | 3 | 2 | 4 | 9 |
Fryske medaljes
Medalje | Namme | Sport | Underdiel |
---|---|---|---|
![]() | Sven Kramer | Reedriden | Manlju, 5 km |
![]() | Sven Kramer | Reedriden | Manlju, team |
![]() | Ireen Wüst | Reedriden | Froulju, 1500 m |
![]() | Ireen Wüst | Reedriden | Froulju, 3 km |
Dielnimmende lannen

In rekordoantal fan 80 lannen die mei oan de Spullen. Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje. Albaanje, Etioopje en Madagaskar debutearren. Algerije, Kosta Rika, Lúksemboarch, Noard-Korea, Portegal en Senegal makken harren rentree. Yn ferliking mei de foarige edysje diene Fidzjy, Jamaika, Kameroen, Meksiko, Puerto Riko en Trinidad en Tobago net mei.
Sjoch ek
Keppeling om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2006 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |