IXe Olympiade
holden ynInnsbruck, Eastenryk
jier1964
dielnimmende lannen36
dielnimmende atleten1.091
eveneminten36 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje29 jannewaris
slutingsseremoanje9 febrewaris
edysjes
foarrige edysje1960 Squaw Valley
folgjende edysje1968 Grenoble
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen 1964, ek wol de IXe Olympiade neamd, waarden yn 1964 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 29 jannewaris oant en mei 9 febrewaris. Krekt foar de start fan de Spullen kamen by treningen op de Olympyske akkommodaasjes de Britske rodelaar Kazimierz Skyszpeski en de Australyske skyer Ross Milne om it libben.[1] De Spullen waarden bedrige troch in te min oan snie. It leger fan Eastenryk waard ynset om blokken iis en snie fan heger yn de bergen nei ûnderen te bringen om de skypistes en de bob- en rodelbaan yn oarder te krijen.

Akkommodaasjes

De sporter Sixten Jernberg op de Spullen
Akkommodaasje Sport (en) Kapasiteit
Axamer LizumAlpineskyen (alles útsein de manlju)Net neamd.
BergiselschanzeSkânsspringen (grutte delgong)Net neamd.
Olympic Sliding Centre InnsbruckBobslydzjen, RodeljenNet neamd.
EisschnellaufbahnReedridenNet neamd.
MessehalleIishockey5,544
OlympiahalleKeunstriden, Iishockey10.836
PatscherkofelAlpineskyen (foar manlju)Net neamd.
SeefeldBiatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen (gewoane delgong)Net neamd.

Sporten

Op de Spullen fan 1964 stiene seis sporten op it programma en 34 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines. It IIstoksjitten wie it demonstraasjesport op de Spullen.


Medaljes

Medaljespegel

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1SowjetunyFlagge fan de Sovjet-Uny URS118625
2EastenrykFlagge fan Eastenryk AUT45312
3NoarwegenFlagge fan Noarwegen NOR36615
4FinlânFlagge fan Finlân FIN34310
5FrankrykFlagge fan Frankryk FRA3407
6It Dútske IenheidsteamFlagge fan It Dútske Ienheidsteam EUA3339
7SwedenFlagge fan Sweden SWE3317
8Feriene SteatenFlagge fan de Feriene Steaten USA1236
9NederlânFlagge fan Nederlân NED1102
10KanadaFlagge fan Kanada CAN1023

Fryske medalje

MedaljeNammeSport
GoudSjoukje DijkstraKeunstriden

Dielnimmende lannen

Seisentritich lannen diene mei oan de Spullen. Trije lannen debutearren: Yndia, Mongoalje en Noard-Korea. East- en West-Dútslân diene as in feriene ploech mei.


Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Twee doden bij de Winterspelen van 1964", Sportgeschiedenis.nl, 12 febrewaris 2010

Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.