VIe Olympiade | ||||
holden yn | Oslo, Noarwegen | |||
jier | 1952 | |||
dielnimmende lannen | 30 | |||
dielnimmende atleten | 694 | |||
eveneminten | 22 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 14 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 25 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1948 Sankt Moritz | |||
folgjende edysje | 1956 Cortina d'Ampezzo | |||
|
De Olympyske Winterspullen 1952, ek wol de winterspullen fan de VIe Olympiade neamd, waarden yn 1952 yn Oslo, Noarwegen hâlden. Dat wie fan 14 oant en mei 25 febrewaris.
Oslo Flagge
Foar de Olympyske Simmerspullen wurdt sûnt 1920 hieltyd de Antwerpske flagge trochjûn oan de folgende spullen. Yn Oslo waard it YOK in spesjale Olympyske flagge oerjûn, de Oslo Flagge, dat dy krekt op dyselde wize troch de winterspullen trochjûn wurde koe, om oan te jaan dat ek de winterspullen alle fjouwer jier fuortset wurde.
Akkommodaasjes
Akkommodaasje | Lokaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
---|---|---|---|
Bislett stadion | Oslo | Bandy (demonstraasje), Keunstriden, Reedriden | 29,000 |
Dælenenga idrettspark | Oslo | Bandy (demonstraasje), Iishockey | Net neamd. |
Holmenkollen National Arena | Oslo | Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen | 150,000 |
Jordal Amfi | Oslo | Iishockey | 10,000 |
Kadettangen | Bærum | Iishockey | Net neamd. |
Korketrekkeren | Oslo | Bobslydzjen | Net neamd. |
Lillestrøm stadion | Skedsmo | Iishockey | Net neamd. |
Marienlyst stadion | Drammen | Iishockey | Net neamd. |
Norefjell | Krødsherad | Alpineskyen (delgong), Alpineskyen (grutte slalom) | Net neamd. |
Rødkleiva | Oslo | Alpineskyen (slalom) | Net neamd. |
Bislett stadion | Oslo | Iepening en sluting seremoanjes | Net neamd. |
Sporten
Op de Spullen fan 1952 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 8 dissiplines. Bandy wie de ienichste demonstraasjesport.
Medaljes
Medaljespegel
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Noarwegen | NOR | 7 | 3 | 6 | 16 |
2 | Feriene Steaten | USA | 4 | 6 | 1 | 11 |
3 | Finlân | FIN | 3 | 4 | 2 | 9 |
4 | Dútslân 1 | GER | 3 | 2 | 2 | 7 |
5 | Eastenryk | AUT | 2 | 4 | 2 | 8 |
6 | Kanada | CAN | 1 | 0 | 1 | 2 |
Itaalje | ITA | 1 | 0 | 1 | 2 | |
8 | Grut-Brittanje | GBR | 1 | 0 | 0 | 1 |
9 | Nederlân | NED | 0 | 3 | 0 | 3 |
10 | Sweden | SWE | 0 | 0 | 4 | 4 |
1Neffens it YOK die "Dútslân" mei en net "West-Dútslân". By de trije folgjende edysjes kaam in mienskiplike ploech yn aksje mei dielnimmers út de beide Dútslannen.
Dielnimmende lannen
Tritich lannen diene mei oan de Spullen, in rekord oant dan ta. Harren debút makken Nij-Seelân en Portegal. Dútslân en Japan wiene wer wolkom. Austraalje die ek wer mei. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea. It Dútske NOK, lykas dat foar de Twadde Wrâldkriich bestie, bestie noch hieltiten en wie noch net splitst yn in West- en East-Dútsk NOK. Dat soe pas fan 1968 ôf it gefal wêze. Oant dy tiid kaam in feriene Dútske ploech yn aksje: Yn 1952 wie dat ûnder de namme "Dútslân" en dêrnei as "It Dútsk ienheidsteam". East-Dútslân woe yn 1952 lykwols net yn in feriene Dútske ploech meidwaan, wêrtroch't de ploech allinne bestie út West-Dútsers.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1952 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |