VIIe Olympiade | ||||
holden yn | Antwerpen, Belgje | |||
jier | 1920 | |||
dielnimmende lannen | 29 | |||
dielnimmende atleten | 2.669 | |||
eveneminten | 154 yn 22 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 20 april | |||
slutingsseremoanje | 12 septimber | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1912 Stokholm | |||
folgjende edysje | 1924 Parys | |||
|
De Olympyske Simmerspullen 1920, ek wol de VIIe Olympiade neamd waarden yn 1920 yn Antwerpen, Belgje hâlden.
Medaljespegel
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Feriene Steaten | USA | 41 | 27 | 27 | 95 |
2 | Sweden | SWE | 19 | 20 | 25 | 64 |
3 | Grut-Brittanje | GBR | 15 | 15 | 13 | 43 |
4 | Finlân | FIN | 15 | 10 | 9 | 34 |
5 | Belgje | BEL | 14 | 11 | 11 | 36 |
6 | Noarwegen | NOR | 13 | 9 | 9 | 31 |
7 | Itaalje | ITA | 13 | 5 | 5 | 23 |
8 | Frankryk | FRA | 9 | 19 | 13 | 41 |
9 | Nederlân | NED | 4 | 2 | 5 | 11 |
10 | Denemark | DEN | 3 | 9 | 1 | 13 |
Fryske medaljes
Medalje | Namme | Sport | Ûnderdiel |
---|---|---|---|
Sijtse Jansma | Toulûke | Manlju, team |
Neisleep Easte Wrâldoarloch
De foargeande Olympyske Simmerspullen soene yn 1916 hâlden wurde yn Berlyn, mar waarde ôflaske yn ferbânmei de Earste Wrâldoarloch. De neisleep fan de oarloch en de fredeskonferinsje fan Parys 1919, hie net alinne ta gefolch dat der neie lannen kreare wiene, mar ek dat der troch sanksjes tsjin de lannen dy't de oarloch verlen hiene en beskuldige waarden fan it starten fan de oarloch. Dit hâld foar de Spullen yn dat se foar de Spullen fan 1920 dy't earst oan Bûdapest takind wie no nei Antwerpen gongen, om't Hongarije in bûngenoat west hie fan Dútslân. In oantal lannen waarden ferbannen fan de Spullen, Dútslân sels oant 1925 en organisearre derom sels mar in grut sportevenemint, yn de Simmer fan 1922 yn Berlyn.
Antwerpske Flagge
Nei de Grutte Kriich, wie Antwerpen net ryk. Hja hienen de Simmerspullen wol tawiisd krigen, mar hja hienen help fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee nedich om alles trochgean litte te kinnen. As tank foar de help, waard het YOK in spesjale Olympyske Flagge jûn, de Antwerpske Flagge. Fan doe ôf, waard de flagge hieltiid trochjûn oan de organisaasje fan de neikommende spullen.
Hurdsilerij
In unike situaasje ûntstie tidens de silwedstriden fan de 12 meter klasse, trochdat der net genôch wyn stie tidens de finale westriid. Om 't der net in winner oanwêzen wurde koe, is de finale-wedstriid nei de spullen noch dien. It Belgyske Olympyske Komitee hat der foar keazen om dy wêdstiid yn Amsterdam op it IJ te hâlden, omdat de beide dielnimmers yn dizze klasse Nederlânners wiene.
Sporten
Dielnimmende lannen
29 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Antwerpen
Keppeling om utens
Olympyske Simmerspullen 1920 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Iishockey | Keunstdûken | Keunstriden | Moderne fiifkamp | Polo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo | Wrakseljen |
|||
wizigje |