It Olympysk Skiereilân (Ingelsk: Olympic Peninsula) is in grut skiereilân oan 'e noardwestkust fan 'e Feriene Steaten, yn 'e steat Washington. It wurdt omjûn troch Stille Oseaan yn it westen, de Strjitte fan Juan de Fuca yn it noarden, en de Puget Sound en it Hoodkanaal yn it easten. Dy trije lêste wetters meitsje diel út fan 'e Salisjaanske See. Oan 'e súdkant sit it Olympysk Skiereilân fêst oan it fêstelân fan Washington. De metropoal Seattle leit oan 'e oare kant fan 'e Puget Sound. It grutste plak op it skiereilân sels is de stêd Port Angeles, mei mear as tsientûzen ynwenners. Oare plakken, mei tusken de tûzen en tsientûzen ynwenners, binne: Belfair, Forks, Hoquiam, Ocean Shores, Port Hadlock, Port Ludlow, Port Townsend, Sequim en Shelton.
Kaap Alava, oan 'e westkust fan it Olympysk skiereilân, is it westlikste punt fan 'e legere 48 Amerikaanske steaten, krekt sa't Kaap Flattery, ek op it skiereilân, it noardwestlikste punt is. Yn it binnenlân fan it skiereilân strekke him it Olympysk Berchtme út, mei as heechste punt de Mount Olympus. In grut diel fan it berchtme foarmet no it Olympysk Nasjonaal Park. Dy krite omfieme guon fan 'e langst ûnferkend bleaune dielen fan 'e kontinintale Feriene Steaten, oant se tusken 1898 en 1900 yn kaart brocht waarden troch Arthur Dodwell en Theodore Rixon.
Op it Olympysk Skiereilân lizze fierders sân ûnderskate Yndianereservaten:
reservaat | stamme |
---|---|
it Ho Yndianereservaat | de Ho Yndianestamme |
it Jamestown Yndianereservaat | de Jamestown S'Klallam Stamme |
it Kwiliût Yndianereservaat | de Kwiliût Stamme |
it Kwinôlt Yndianereservaat | de Kwinôlt Yndianenaasje |
it Lower Elwha Yndianereservaat | de Lower Elwha Klallam Stamme |
it Makah Yndianereservaat | de Makah Yndianenaasje |
it Skokomis Yndianereservaat | de Skokomis Yndianestamme |
- satellytfoto fan it skiereilân
- Klimaatsônes op it Olympysk Skiereilân
- Cedar Creek en Abbey Island
- de kust fan it Olympysk Skiereilân
- Lake Crescent
- de rivier de Elwha
- de Mount Olympus
- de rivier de Queets
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|