Olennius wie yn de 1e iuw in Romeinske militêr of bestjoerder. Hy hie it foar it sizzen oan de noardgrins fan it Romeinske Ryk, it tsjinwurdige Nederlân. Ta syn gebiet hearde ek it lân dêr't de Friezen doe wennen, Noard-Hollân en Fryslân. Under Olenius kamen de Friezen yn opstân.
Skiednis
Oer it libben fan Olennius witte wy einliks net folle. Hy is foaral bekend wurden troch in passaazje út de Annales fan Tasitus. Hjiryn wurdt beskreaun op hokker wize Olennius troch syn hurde opkommen by de Friezen in opstân útlokke tsjin it Romeinske Ryk. Under Drusus, de foargonger fan Ollenius hie der in myld belêstingrezjym hearske by de Friezen. Ienkear jiers moasten sy kowehûden leverje en oer de kwaliteit dêrfan waard net ferfelend dien. Dat feroare allegearre mei de komst fan Olennius. Hy stelde as mjitte fan de hûden de hûd fan in oerokse fêst.
Omdat harren fee de ôfmjittings fan oeroksen net hiene koenen de Friezen net foldwaan oan dizze nije easken. Neffens Tasitus gou it dêrom earst harren fee, doe harren lân en lang om let harren froulju en bern as slaaf.
Opstân fan de Friezen
Yn 28 ûntstie der rebûlje by de Friezen en kamen hja yn it ferhef tsjin Olenius. Earst waarden Romeinske belêstingophelles fermoarde, dêrnei foelen de opstannelings mei in grutte striidmacht de Romeinen oan. Olenius hie al oanfield wat der komme soe, dat hy koe fuortkomme en flechte nei Flevum: in Romeinske castellum noardlik fan de Ryn. Hjir kaam it ta in fjochtsjen mei de Friezen - earst op it lân en letter ek oer it wetter - Flevum waard belegere. Doe't de Friezen fernamen dat de Romeinen fersterkings nei Olenius stjoerden, loeken sy harren werom yn it wâld fan Baduhenna. Der kaam it dochs noch ta in slach, (slach fan Baduhenna), dy't de Friezen wûn ha. It gefolch fan de oerwinning wie dat Ollenius him weromlûke moast út it gebiet noardlik fan de Ryn. Earst jierren letter, yn 47, waarden de Friezen troch Korbulo ferslein en waard it Fryske gebiet op 'e nij tafoege oan it Romeinske Ryk. Oer Olennius is fierder neat mear bekend.
Literatuer
- Tasitus, Annales