Alde Wite
Olle Widde | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Ten Post | |
adres | Eestumerweg 39 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1828 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 9787 [1] |
De Olle Widde is in nôtmûne yn it westlike diel fan it doarp Ten Post, ek bekend ûnder de namme Kröddeburen, yn de provinsje Grinslân.
Skiednis
De mûne waard foar 1828 boud. Neffens de Histoaryske Feriening fan Ten Post en omkriten waard de mûne al yn 1812 boud. Earder hat op it plak in standermûne út 1616 stien. It is de âldste noch besteande rûne mûne fan Grinslân. Oant 1927 die de mûne ek as pelmûne tsjinst.
Tsjin it ein fan de jieren 1980 wie de mûne tige brekfallich. De doedestiidske gemeente Ten Boer stelde ta behâld in oername troch de Stifting Grinslânske Mûnen út. As de stifting dat wegere soe de gemeente de fergunning foar sloop ôfjaan. Op 4 july 1990 kocht Th.H.D. Meijer út Ten Post de mûne oan. Yn opdracht fan Meijer waard de mûne tusken 1991 en 1994 restaurearre. De eigner ferstoar yn 2009 en de mûne waard doe oankocht trocht in partikulier, dy't njonken de mûne yn it moundershûs in restaurant iepene. Sûnt 2011 is de mûne wer hielendal mealree.
De mûne tanket syn namme oan de wite kleur. In frijwillige mûnder lit de mûne regelmjittich draaie.
Beskriuwing
De Olle Widde is in rûne stellingmûne. De mûne hat lang selsswichting hân, mar by de lêste restauraasje hawwe de wjukken wer âld-hollânsk hekwurk. De flecht fan de wjukken is 18,50 meter.
Keppeling om utens
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|