Olivia del Rio | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Olivia Del Rio, Olivia del Río, Olivia Del Río, Olivia DelRio, Olivia | |
echte namme | Olivia del Rio | |
nasjonaliteit | Brazyljaansk | |
berne | 16 april 1969 | |
berteplak | Rio Casca (Brazylje) | |
etnisiteit | Brazyljaansk Portegeesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1995 – 2009 | |
offisjele webside | ||
oliviadelrio.com (deade link) |
Olivia del Rio (Rio Casca, 16 april 1969), is in rêstend Brazyljaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Olivia Del Rio, Olivia del Río (mei in skerpteken op 'e "i"), Olivia Del Río en Olivia DelRio, en dy't ek wol ûnder inkeld har foarnamme Olivia wurke hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 49 kg en kupmaat 34C, dy't se krigen hat troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre
Del Rio waard berne yn it Brazyljaanske Rio Casca, mar groeide op yn 'e metropoal Belo Horizonte (beide yn 'e steat Minas Gerais). Hja wie de tolfde yn in gesin mei 16 bern. Mids njoggentiger jierren ferfear se Frankryk, dêr't se as faam wurke yn in foarstêd fan Parys. Har baas wie de pornoregisseur Patrice Cabanel, dy't har op in dei frege om yn ien fan syn films te spyljen. Del Rio liet har oerhelje om't it lean safolste better wie as wat se as faam fertsjinne, en sa makke se yn 1995, doe't se 26 jier wie, har debút yn in pornografyske film.
Neitiid spile se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 186 pornofilms. Yn 't earstoan wurke se fral foar Jeropeeske labels, lyks it Frânske Nanou en Vidéo Marc Dorcel, it Sweedske Private, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, en it Dútske Multi Media Verlag, Magmafilm en Sarah Young Communications. Om 2000 hinne ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr spile se yn films fan sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Jill Kelly Productions, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, West Coast Productions, Diabolic Video, Pure Play Media, New Sensations, Red Light District, Zero Tolerance, Devil's Film, Hustler Video en Elegant Angel. Under har pornokarriêre waard Del Rio fiif kear nominearre foar in Amerikaanske AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), en ien kear foar in Ninfa Award fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana.
Yn 2009 loek Del Rio har úteinlik út 'e pornoyndustry werom. Yn 2003 wurke se mei oan twa ôfleverings fan it Sweedske tillefyzjeprogramma High Chaparall. Hja is troud, hat twa dochters, en wennet ôfwikseljend yn Frankryk en Marokko, dêr't har man in bar runt. Neffens har eigen sizzen binne sy en har man swingers, en besykje se geregeldwei seksklubs.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2002 | FICEB Ninfa Award | nominearre | bêste aktrise | Apasionadas y Coquetas |
2003 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (film) | Paradise Lost |
2004 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Lost Angels: Olivia Del Rio |
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Valentino) | Flesh Circus | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2005 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (film) (mei Sunrise Adams en Evan Stone) | Debbie Does Dallas: The Revenge |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|