Oldegalileën is de namme fan in wenwyk yn it noardeasten fan de stêd Ljouwert. Yn 2018 waard de wyk part fan de wyk Ald-East. De wyk wurdt oan de westkant begrinzge troch it wetter fan de Dokkumer Ie en oan de eastkant troch de Blommebuert. De namme fan dy âlde folkswyk is ôflaat fan it kleaster "Galilea", dat om 1472 hinne boud waard oan de Dokkumer Ie. De âldste en langste strjitte yn de wyk hjit ek Oldegalileën. Yn de beide wiken wenje meiïnoar 3400 minsken.
Nijsgjirrichheden
De wyk is bekend om it noch besteande kompleks fan 124 arbeiderswenten "Eigen Brood Bovenal", dat tusken 1862 en 1904 yn trije fazen boud waard en as de earste sosjale wenningbou fan Ljouwert oanmurken wurde kin. Ek bekend is: Kafee Blauwhuis, it âldste noch besteande kafee fan Ljouwert, de nôtpakhuzen "Rusland" (yn 1981 troch brân ferwoastge en ferfongen troch nijbou), houtseachmole "De Fisker" (yn 1964 ôfbaarnd), de bôlefabriken "Excelsior" (ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou) en "De Zelfstandigheid" (kompleks is no yn gebrûk as buerthûs).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |