Ola Olstad (22 febrewaris 1885 - 15 novimber 1969)[1] wie in Noarsk soölooch en poalûndersiker, en de earste minske dy't Peter I-eilân yn Antarktika besocht.
Olstad sette yn 1927/1928 út ein mei de earste Noarske ekspedysje nei Bouveteilân en Súd-Georgje. Hy lâne op 2 febrewaris 1929 op Peter I-eilân en easke it op foar Noarwegen.
De Olstadgljetsjer op Peter I en de Olstadtop op it eilân Annenkov yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.