De streamkrite fan de Wolga mei de Oka
De gearrin fan de Oka mei de Wolga yn Nizjni Novgorod
De Oka tusken Serpûtsjov en Kasjira

De Oka (Russysk: Ока) is in rivier yn sintraal Jeropeesk Ruslân en de grutste rjochter sydrivier fan de Wolga. De lingte is 1480 km, wêrfan't der 1200 befarber binne (fan Serpûchov ôf oan). De rivier mûnet yn Nizjni Novgorod yn de Wolga út.

De Oka streamt troch en bylâns stêden sa as Orjol, Kalûga, Kolomna, Rjazan, Moerom. It winterseizoen is de rivier fiif moanne beferzen. Oant in tal jierren lyn wie der yn dy perioade autoferkear oer it iis mooglik. Hjoeddedei kin dat net mear fanwege minder strange winters, wêrtrocht de draachkrêft fan it is ek ôfnaam is. De bekendste sydriver fan de Oka is de Moskva: de Oka wie sadwaande ek part fan de histoaryske ferbining fan Moskou mei de Wolga. Yn de jierren tritich fan de 20e iuw waard it spoar Moskou - Nizjni Novgarod oanlein.

Namme

Max Vasmer ferbynt de namme fan de rivier mei it Goatyske аƕа, it Ald-Dútske aha en it Latynske aqua, dat allegear "wetter' as 'rivier' betsjut.[1] Oleg Trûbatsjev is fan betinken dat de namme syn oarsprong hat yn de Baltyske talen: de Baltyske stam Galindianen bewenne nammentlik it westlik part fan it streaamgebiet fan de Oka foar de komst fan de Slaven.

Sydrivieren

De wichtichste sydrivieren fan de Oka binne de Kljasma en de Moskva oan de linkerkant en de Moksja en de Upa oan de rjochterkant.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vasmer's Etymological Dictionary, oerset fan Oleg Trûbatsjev, vol. 3, s. 127.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.