Offenwier (Nederlânsk: Offingawier) wie lytste doarp yn de eardere gemeente Snits, east fan de stêd. Sûnt 2011 heart Offenwier by de gemeente Súdwest-Fryslân. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea en is diel fan De Legean. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de Snitser Mar ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.
It doarp komt al yn 1328 foar as Offinghewere. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.
It tsjerkje fan Offenwier is in gemeentlik monumint en is it âldste gebou fan de gemeente Snits. De hjoeddeiske muorre is fan 1850, mar binnen dy muorre stiet noch it Niklaastsjerkje fan 1335.
Doarpswapen en flagge
It is net bekend oft Offenwier yn it ferline in doarpswapen hân hat. Der is neat wat yn dy rjochting wiist. Nei in oprop yn in doarpskrante fan 2004 binne twa ûntwerpen ynlevere wêrfan't de eleminten brûkt binne yn it úteinlike wapen.
- Yndieling
It wapen bestiet út in skyld dat trochsnien is troch in reade bân. De boppeste helte is blau, de kleur fan it wetter. It wetter is tagelyk in freon en in fijân. In freon om't fiskers en skippers der har brea op fertsjinnen en in fijân as in skip oan leger wâl bedarre en by stoarmen as it wetter wer in stik lân naam.
It ûnderste part is grien, de kleur fan it gers, de greiden, it lân wêrop't Offenwier boud is. In feilich plak.
De reade bân yn it midden stiet symboal foar de grienedyk mei dêryn de slûs. De grienedyk stiet foar de beskerming tsjin de drigingen fan bûten ôf, en mear taspitst de driging fan it wetter. Tagelyk is de slûs in iepening wêrtroch't Offenwier kânsen foar de takomst ynhelje kin. Op it skyld steane fjouwer ôfbyldings dy't elts symboal steane foar in stikje Offenwier.
- Ofbylden
- Stêf
De tsjerke fan Offenwier is wijd oan Sinteklaas. De hilligenstêf moat dêr de klam op lizze. Skipfeart wie eartiids nedich foar it ferfier, it brocht wurk en dêrmei ek wolfeart. Sinteklaas is fanâlds de beskermhillige fan de skipfeart. Mar de tsjerke jout ek it belang fan it leauwen yn it doarp oan. Sûnt iuwen jout it leauwen rjochting oan it libben en wêzen fan de Offenwiersters. It leauwen en de tsjerke wie en is foar in protte minsken in hâldfêst yn it libben.
- Skûtsje
In ferienfâldige werjefte fan in skûtsje stiet symboal foar de skipfeart út it ferline, mei namme it beropsmjittige karakter dêrfan, mar jout ek it belang fan de wettersport yn de hjoeddeiske tiid wer.
- Ko
De ko stiet foar de lânbou en it belang hjirfan foar it ûntstean fan it lânskip en de ynfloed dy't de lânbou op de mienskip fan it doarp. De kop fan de ko is dy fan in moderne ko mei in ferwizing nei de hjoeddeiske lânbou. Tagelyk hat de ko hoarnen as ferwizing nei it belang fan de lânbou fan alear.
- Klaverblêd
It klaverblêd stiet foar grûnbesit op de klaaigrûn. Ek hjir is der in ferbining mei de lânbou. Grûnbesit joech fanâlds in garânsje op ynkommen en dêrmei ek op wolfeart. De ynfloed fan de lânbou wurdt de lêste tiid gâns minder. Mei it klaverblêd yn it wapen wol it doarp de spesjale bân mei de lânbou fêstlizze, mar ek de winsk fan ynkommen en wolfeart.
Ferskaat
- De doarpskrante hjit Wier Nijs.
- Oan de Houkesleat leit it Snitser Aldtsjerkhôf, wêr't fûneminten en deakisten fûn binne
Befolking
Strjitten
- De Potten - De Potten binne in diel fan de Snitser Mar
- Fiifgeawei - rint troch it âlde 'Snitser Fiifgea', in gearfoeging fan fiif goaen om Snits.
- Grienedyk - mei seegers begroeide âlde seedyk. Ta beskerming fan Raarderhim.
- Kolmarslân - it Starteilân yn de Snitser Mar hjit offisjeel Kolmarslân
- Koaiwei - nei de eardere einekoai
- Midsbuorren - krige yn 1992 de namme om oan te jaan dat it in ferbining foarmet tusken de twa âlde Offenwierster buorskippen Tsjerkebuorren en Brêgebuorren.
- Paviljoenwei - rint nei it paviljoen oan de Snitser Mar
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |