Oertún fan Lyndenstey | ||
Oertún fan Lyndensteyn, sjoen yn de rjochting fan Lyndensteyn | ||
De lokaasje fan 'e Oertún fan Lyndensteyn. |
De Oertún fan Lyndensteyn is in histoarysk park yn Beetstersweach.
De tún wie oarspronklik in yn de 18e iuw oanleine tún, dy't troch de túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard nei 1832 transformearre waard yn in Ingelske lânskipstún mei slingerpaden en in slingerjende fiver. Yn 1978 waard de tún opnij ynrjochte troch de Heidemaatskippij yn in geometryske styl.[1]
De tún einiget op in keunstmjittige heuvel rjocht foar Lyndensteyn oer. Oarspronklik stie hjir in simmerhûs. [1]Inkele linebeammen komme noch út de perioade fan de earste oanlis yn de 18e iuw.
De tún is erkend as ryksmonumint. Ek it byld fan Neptunus yn de oertún, makke troch de byldhouwer Ignatius van Logteren is in ryksmonumint.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.