In oersetting is it oersetten fan in wurd of tekst yn in oare taal as de oarspronklike.
Om goede oersettings meitsje te kinnen is mear nedich as kennis fan beide talen. Fan de boarnetaal moatte net allinnich de letterlike betsjutting, mar moate ek de nuânses, grapkes en wurdboarterijen begrepen wurde (sjoch it foarbyld hjirûnder). Yn de doeltaal moat ek in sadanige behearsking oanwêzich wêze dat de oersetter sûnder muoite wat op in grut oantal ferskillende wizen sizze kin. Eltse taal hat in eigen idioom, stylkonstruksjes dy't net ien op ien oer te setten binne. Ek mei de kultuer fan it lân fan de boarnetaal moat de oersetter einliks goed yn thús wêze. Foar ien dy't net twatalich grutbrocht is, is meastentiids net mooglik om folslein yn in taal te skriuwen dy't net de memmetaal is.
In goede oersetting lit in tekst sjen dy't wat kontekst oangiet de bêste kar is, dy't it bêst oerienkomt mei de betsjutting yn de oarspronklike taal, en dêr't net oan te sjen is dat it in oersetting is. Meastentiids is der diskusje oer hoe letterlik oerset wurde moat. De doelgroep dêr't foar oerset wurde moat, spilet in grutte rol by de beslissingen dy't de oersetter nimme moat by it oersetten. Hjir spilet ek it medium in wichtige rol: by de ûndertiteling fan in bûtenlânsk programma moat útsein oersetten de sinnen meastentiids sterk bekoarte wurde.
In technyske hantlieding moat meastentiids letterliker oerset wurde as in romantysk ferhaal. Ferskillen yn kultuer liede faak, of altyd ta begripen yn de oarspronklike taal dy't foar de doelgroep sûnder ekstra útlis net te folgen binne, sokke ekstra útlis wurde realia neamd. De oersetter moat yn sokke gefallen kieze foar mear útlis, of foar it substituere fan in oar mar ferlykber begryp in de doeltaal. In manier fan oersetten dy't troch in protte as ideaal sjoen wurdt, is in tekst sa ôf te leverjen dat it foar de lêzer krekt sa liket dat de skriuwer yn de eigen taal fan lêzer skreaun hat.
Berucht binne wurden dy't wat foarm oan giet in soad likje op (meastentiids etymologyske besibbe) wurden yn de oare taal, mar in oare betsjutting hawwe. In foarbyld: it Fryske wurd 'dreech' hat in folslein oare betsjutting as it Nederlânske droog.
Foarbyld: idioom
- Ingelsk
- it's raining cats and dogs
- Nederlânsk
- het regent pijpenstelen/ het is hondenweer)
- Frysk
- it wetter falt mei bakken út de loft/ tige min waar
Sjoch ek
- Hiëronymus fan Stridon, skutspatroon fan oersetters
- Foarbyld fan in stikje literêre fertaling: [[J. D. Salinger#Eerste zin|Earste sin út The Catcher in the rye fan J.D. Salinger]].