| |||||
Eigener | Stichting Skûtsje Haskerlân | ||||
Plak | De Jouwer | ||||
Werf | Van der Werff, Bûtenstfallaat, Drachten | ||||
Boujier | 1923 | ||||
Kleur | brún | ||||
Lingte | 19.30 | ||||
Breedte | 3.95 | ||||
Holte | 1.15 | ||||
Djipgong | 0.38 | ||||
Skipper | Rinus de Jong | ||||
Tonnaazje | 50 |
Oeral Thús is in skûtsje dat foar De Jouwer meidocht oan it SKS-skûtsjesilen.
Skiednis
It skûtsje waard yn 1923 boud op de werf fan Van der Werff yn Bûtenstfallaat by Drachten, “op de keap”, sa't dat destiids neamd waard as in skip boud waard en der noch gjin keaper foar wie. Earste eigener wie Anne Groenveld fan Drylts dy't it doedestiids kocht doe't it heal ôfboud wie. Der waard yn it earstoan in soad mei turf fearn, dy't ûnder oare út Valthermond en Emmercompascuum helle waard. De reis nei Drylts duorre ûngefear 14 dagen. Yn Drylts waard de turf oerladen yn in pream wêrnei't de turf ferkocht waard oan ynwenners fan Drylts. Letter waard ek noch mei terpmodder, grind en koalen fearn.
Nei it ferstjerren fan Anne Groenveld kaam soan Meinte oan it helmhout. De frachtfeart waard nei de oarloch hurd minder, al wurdt yn 1953 yn it frachtboekje noch in fracht koalen neamd.
Neidat it skip jierren as wenboat fan Meint oan de kaai yn Drylts lein hat, waard it skip yn 1976 ferkocht oan Kees Koehoorn, dy't der mei sile woe yn de SKS. De SKS hie lykwols yn 1970 in skûtsjestop ynsteld, sadat de Oeral Thús foar de wâl lizzen bleau. Yn 1984 wurdt it skip trochferkocht oan Gerrit Roosjen út Frjenstjer dy't it fartúch yngreven restaurearret. Yn 1985 sylde it mei yn de B-klasse fan de IFKS mei as skipper Hidzer Meeter, dy't daliks kampioen waard. Yn it neijier fan 1985 slacht it skip by in wedstriid, yn it ramt fan Sail 1985, om op de Iselmar en sinkt. Yn 1986 en 1987 is Andre Hoek skipper op de Oeral Thús en hy wurdt der kampioen mei yn de A-klasse.
Ein 1987 keapet de Stichting Skûtsje Haskerlân it skip en fan 1988 oant 1999 docht Anne Tjerkstra binnen de SKS mei in de boppeste helte, mar dan stapt er oer op it skûtsje fan Langwar. Syn opfolger Peter Syperda kin yn 2000 en 2001 ridlik meikomme, mar yn 2002 wurdt De Jouwer út it klassemint skrast omdat it ûnderwetterskip yn it útdûkt wie, en it “kijkglas” net mear betrouber wie. Peter Syperda stapte op en waard ferfongen troch syn broer Allard. Yn 2007 soe Jitze Grondsma de nije skipper wurde, mar dy maitiids is er ferstoarn. Hy waard opfolge troch Dirk Jan Reijenga, dy't yn 2015 kampioen waard. De Oral Thús is it earste skûtsje dat sawol kampioen wurden is by de SKS as by de IFKS. Yn 2017 waard de Oeral Thús útsletten fan de wedstriden omdat it mêstbeslach net foldie oan it orizjinaliteitsreglemint.
Yn febrewaris 2018 hat Dirk Jan Reijenga besletten om op te hâlden as skipper op it Jouster skûtsje. Hy fûn sels dat er him net mear foar de folle hûnderd prosint ynspanne koe en dêrom wie it neffens him better om it helmhout troch te jaan oan immen dy't him der wol folslein foar ynsette kin. Yn maart 2018 waard Rinus de Jong beneamd as de nije skipper fan de Oeral Thús. Hy hie doe al jierren meisyld as bemanningslid fan Earnewâld en Langwar. Hy is beropsskipper op syn skip "Farber".
Skippers
- 1973 - Hylke Baukes de Vries
- 1976 - Sipke Tjerkstra
- 1979 - Piet de Vreeze
- 1984 - Anne Tjerkstra
- 2000 - Pieter Syperda
- 2003 - Allard Syperda
- 2007 - Jitze Grondsma
- 2007 - Dirk-Jan Reijenga
- 2018 - Rinus de Jong
Skûtsjes fan De Jouwer
- de Vlecke (1) 1973-1984
- de Vlecke (2) 1985-1987
- Oeral Thús (084) 1988 - no
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |