Oene van der Veen (Gytsjerk, 6 desimber 1954) is in Frysk byldhouwer. Van der Veen wurket meast mei hout, stien en terrazzo.

Sûnt 1979 hat er him talein op byldhouwen. Syn earste eksposysje wie yn 1985 mei njoggen houten bylden mei it tema "Iensumens en ferbining'

Yn 1986 studearre er ôf oan de keunstakademy A.B.K. Vredeman de Vries yn Ljouwert mei as spesjalisaasje monumintale foarmjouwing. Sûnt dy tiid wienen der eksposysjes fan him yn Fryslân, mar ek yn Utert, Kassel en Zundert.
Hy hat syn atelier yn it earder molkfabryk yn Gytsjerk.[1]

Wurk

  • 1995: grut houten byld oan de Emmakade yn Ljouert: 'Ierde, famke, fûgel'.
  • 2004: Driesum in oarloch/fredesmonumint: 'Hoeder van 'e frede'.
  • 2007: fanwege Stichting Doen in totempeal, wyk de Wielenpôlle yn Ljouwert.
  • 2008: it byld Lieben und Lassen yn Friedeburg (Dútslân).
  • 2016: Muze, Oentsjerk
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.