oehoe
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftûle-eftigen (Strigiformes)
famyljeûlefûgels (Strigidae)
skaaiBubo (oehoes)
soarte
Bubo bubo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel

De oehoe (Bubo bubo) is de grutste ûlesoart. Lykas by de measte ûlen is it wyfke mei sa'n 67 sm in stik grutter as it mantsje, dat 61 sm grut wurdt. In mantsje weaget tusken de 1900-2800 gram, in wyfke kin wol in gewicht hawwe oant 4200 gram. De Oehoe hat brune en grize fearren mar is foaral wer te kennen oan syn grutte kop mei lange donkere earfearren dy't nei de sydkanten útstekke. Fierder hat de fûgel in swarte heaksnaffel dy't gruttendiels net te sjen is tusken de fearren. Oan de poaten hat de Oehoe 2-4 sm grutte klauwen dêr't er grutte proaidieren mei pakke kin.

Fuortplanting

In oehoe-aai.

De Oehoes briede it leafst yn in hoale yn in rotswand. Mar se briede ek wol op âlde rôffûgelnêsten yn beammen. It wyfke leit 2-3 aaien en briedt de aaien allinnich yn 34 dagen út. Se moat ek sels foar har iten soargje en giet derom ien of twa kear deis te jeien. De jongen ferlitte nei sa'n 28-30 dagen it nêst en skarrelje wat yn de buert fan it nêst om. Nei 50 dagen kinne de jonge ûlen fleane.

Iten

Omdat de Oehoe in grutte rôffûgel is kin er ek grutte proaidieren pakke. Hy yt eins alles wat er pakke kin, lykas rotten, mûzen en hazzen, mar ek fûgels lykas krieen, dowen en einen. Yn de spuiballen fan oehoes binne resten fûn fan sa'n 50 ferskillende sûchdiersoarten en sa'n 180 fûgelsoarten. Sels stikelbargen kin de Oehoe te pakken krije.

Fersprieding

Utsein it úterste noarden komt de Oehoe yn sawat hiel Europa en Aazje foar, en ek noch yn it noarden fan Afrika. Yn West-Europa komt hy net foar yn it noarden fan Frankryk en ek net yn Grut-Brittanje.

Yn 1997 waard foar it earst yn Nederlân in briedend Oehoepearke fêststeld op de Sint-Pitersberch by Maastricht. Dêrnei naam it tal Nederlânske pearkes stadichoan ta. Yn 2004 wiene dat fiif en yn 2022 wiene der al likernôch 80 briedpearen. Yn 2022 hat de Oehoe ek yn it súdeasten fan Fryslân besocht te brieden en dat wie it earst bekende briedgefal yn ús provinsje.[1][2]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.